thumb| Wapen fan Wynjewâld It wapen fan Wynjewâld is it wapen fan it doarp Wynjewâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 2000 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in yndreaune punt fan goud, oergeand yn in staak fan itselde; yn de skyldfoet belein mei in weagjende dwersbalke; rjochts op it read beselskippe fan boppe nei ûnder fan in klaverblêd, twa neist mekoar pleatste turven en in boekweetkerl, alles fan sulver, en lofts op it read in sulveren steigerjend hynder.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
Gouden punt: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit. Twa reade skylden: ferwiist nei de twa eardere doarpen Weinterp en Duerswâld dy't yn 1974 gearfoege waarden ta Wynjewâld. De kleur read ferwiist nei de heide yn de omkriten fan it doarp. Sulveren turven: ferwizing nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp en nei de Turfrûte fan hjoed-te-dei. Boekweetkerl: ferwiist nei it ferbouwen fan boekweet yn de omkriten fan it doarp. Klaverblêd: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Stegerjend hynder: oernommen fan de wynwizers fan de Tsjerke fan Weinterp en de Tsjerke fan Duerswâld. Weagjende blauwe dwersbalke: ferwiist nei De Boarn en de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
Sjoch ek
Winjewâld Kategory:Wynjewâld