thumb| Flagge fan Appelskea De flagge fan Appelskea (Stellingwerfsk: vlagge van Appelsche) is de flagge fan it doarp Appelskea, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. De flagge waard yn 1980 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije like hege banen fan read en wyt, op de wite baan trije lizzende rjochthoekige blokken; in giele broekingstrijehoeke belein mei in grien klaverblêd.

De kleuren komme út it wapen fan Appelskea.

Symbolyk

Giele trijehoeke: ferwiist nei de pleatslike Boskberch en de sângrûn dêr't it doarp op leit. Klaverblêd: ferwiist nei de boskrike omkriten fan it doarp. Wite balke: ferwiist nei de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Trije turven: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Appelskea Kategory:Appelskea