Adolf Kainz (Linz, 5 juny 1903 - 12 july 1948) wie in Eastenryksk kanoër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen yn de K2 tegearre mei Alfons Dorfner. Yn 1938 die Kainz mei oan it WK yn it Sweedske Vaxholm en waard dêr mei Karl Maurer tredde yn de K2. Hy naam mei dit WK lykwols diel ûnder de flagge fan Nazy-Dútslân om't Dútslân earder dat jier Eastenryk anneksearre hie. Adolf Kainz ferstoar hommels op 12 july 1948, yn 'e âldens fan 45 jier.
Kategory:Eastenryksk kanoër Kategory:Eastenryksk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1948