thumb| Wapen fan Terbant It wapen fan Terbant is it wapen fan it doarp Terbant, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2000 registrearre.
Skiednis It wapen komt fan in nachtmielbeker út de Aenjewierder Tsjerke. Dizze beker komt út de 17e iuw. Om't de wapens siswizen yn it Latyn befetsje, kin de skriuwer mooglik in geastlike wêze. Hoewol't it wapen al in skoft bekend wie, waard it yn 2000 offisjeel registrearre op inisjatyf fan Pleatslik Belang.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn swart in harsenplasse, rêstend op twa krúste bonken, alles fan sulver, mei út de eachholten hieltyd trije stâle nôtieren fan grien. Wapenspreuk: op in wyt lint yn swarte kapitalen: "Resurrectio" (Weeropstanning).
De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), sulver en sinopel (grien).
Sjoch ek
Terbant Kategory:Terbant