thumb| Flagge fan Froubuorren De flagge fan Froubuorren is de flagge fan it doarp Froubuorren, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2010 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Fiif lingtebanen fan read, wyt, swart, wyt en read, yn de ferhâlding 3:2:5:2:3; in blauwe broekingstrijehoeke mei de punt op it flaggemidden, belein mei in giele leelje.
De kleuren komme út it wapen fan Froubuorren.
Symbolyk Reade banen: yndirekt oernommen fan de flagge fan Alde Leie. Swarte baan mei wite banen: ferwize nei de fjouwerkanten út it wapen fan Froubuorren. Broekingstrijehoeke: oernommen fan de flagge fan It Bilt, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Leelje: symboal fan Marije en dêrmei in ferwizing nei de plaknamme "Froubuorren".
Sjoch ek
Froubuorren Kategory:Froubuorren