Paul Wevers (Keulen, 21 juny 1907 - Breunswyk, 4 maart 1941) wie in Dútsk kanoër.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen yn de K2 tegearre mei Ludwig Landen.

Nei syn sportkarriêre wurke Wevers yn Keulen. Yn'e Twadde Wrâldkriich tsjinne er mei de rang fan ûnderoffisier as piloat by de Kompanie Fallschirmschule 3 (parasjutiste-oplieding) yn Braunschweig. Paul Wevers kaam op 4 maart 1941, yn 'e âldens fan 33 jier om it libben nei't syn fleantúch delstoarten wie.

Kategory:Dútsk kanoër Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk piloat Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1941