thumb| Wapen fan Akkrum It wapen fan Akkrum is it wapen fan it doarp Akkrum, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 1986 registrearre.

Skiednis It wapen fan Akkrum komt foar op de 'Ackrumer Friesche Boere Almanack' fan 1671. Klaverblêden stiene ek op de wapens fan omlizzende doarpen. Ek op de doarpswapens fan Dearsum, Terherne, Sibrandabuorren en Aldeboarn stiene trije klaverblêden. Ek op it wapen fan Utingeradiel stiene trije klaverblêden.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read trije klaverblêden steande 1 en 2; boppe beselskippe troch in gouden kroan.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en goud.

Symbolyk Klaverblêden: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Kategory:Akkrum Akkrum