Gregor Hradetzky (Krems an der Donau, 31 jannewaris 1909 - Bad Kleinkirchheim, 29 desimber 1984) wie in Eastenryksk kanoër.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn twafâldich Olympysk kampioen yn de K1. Yn 1938 die Hradetzky mei oan it WK yn it Sweedske Vaxholm en waard dêr tredde yn de K1

Hradetzky hie him yn 1934 oansletten by de yllegale NSDAP en de SA. Yn 1938 frege er it reguliere lidmaatskip fan de partij oan en waard mei weromwurkjende krêft oant 1 maaie fan datselde jier akseptearre. Datselde jier stapte Hradetzky oer fan de SA nei de SS. Yn 1948, nei syn weromkommen as kriichsfinzene út Amerikaanske kriichsfinzenskip, naam Hradetzky it bedriuw dat oargels boude fan syn yn 1942 ferstoarne heit oer. Yn 1979 boude er yn gearwurking mei Ronald Sharp in oargel foar it Sydney Opera House yn Austraalje. Gregor Hradetzky ferstoar op 29 desimber 1984, yn 'e âldens fan 75 jier.

Kategory:Eastenryksk kanoër Kategory:Eastenryksk Olympysk kampioen Kategory:Eastenryksk oargelbouwer Kategory:Eastenryksk faksist Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Lid fan de SA Kategory:Lid fan de SS Kategory:Eastenryksk kriichsfinzene Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1984