Enrico Massimo Carlo Maria Poggi (Genua, 30 jannewaris 1908 - Dêre, 16 oktober 1976) wie in Italjaansk siler.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936, 1948 en 1952). Hy waard yn Kiel Olympysk kampioen, yn de 8m R-klasse mei Giovanni Reggio, Bruno Bianchi, Luigi de Manincor, Domenico Mordini en syn broer Luigi. De 8m R-klasse is in mearpersoanskielboat. It jacht hat in lingte fan ungefear 13,50 oant 15,80 meter, in breedte 2,20 oant 2,50 meter en in djipgong fan 2,00 meter; it grutseil mjit 50 m². Enrico Poggi ferstoar op 16 oktober 1976, yn 'e âldens fan 68 jier.
Kategory:Italjaansk siler Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Liguerysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1976