thumb|States by Ryptsjerk Ulenburghstate of Ulenburch wie in bûtenpleats noardeastlik fan Ryptsjerk, gemeente Tytsjerksteradiel, oan de Easterdyk. Op it plak fan dat hûs stiet no in pleats.
Skiednis Dizze state fan de famylje Van Uilenburch moat al foar 1600 boud wêze. It hûs waard ûnder oare bewenne troch mr. Rombertus fan Uylenburgh út Ljouwert dy't de state brûkte as simmerferbliuw. Rombertus wie de heit fan Saskia fan Uylenburch, dy't op 23 juny 1634 mei de (no) ferneamde skilder Rembrandt van Rijn troude.
Oer it eigendom fan Ulenburch State is yn 1638 noch in juridyske striid fierd troch dr. Gerardus fan Loo, echtgenoat fan en fâd oer Hiske van Uilenburg. Hy wie ek folmachtige fan Rembrandt van Rijn, man fan en fâd oer Saskia van Uilenburg en har broer Idzert fan Uilenburg. De striid waard fierd tsjin dr. Albertus fan Loo, troud mei Neeltje Rommerts (fan Uilenburg?) en His fan Eminga. Gerardus hat dy striid wûn. Saskia ferstoar yn 1642. Op 4 oktober 1669 stoar ek Rembrandt.
Fierder binne der gjin gegevens beskikber oer dit hûs, ek net wannear't it ôfbrutsen waard. Op it plak fan de state is nei alle gedachten yn 1708 in pleats boud, tsjûge in stien dy't om 1928 hinne út de gevel fan dizze pleats fallen is. Yn dy stien wie in kastielfront en in poarte úthoud, mei boppe de poarte in ûle en mei de namme Antje Vitringa en it jiertal 1708.
Kategory:Ryptsjerk Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Tytsjerksteradiel Kategory:Bouwurk út de 16e iuw