thumb| Wapen fan De Gaastmar It wapen fan De Gaastmar is it wapen fan it doarp De Gaastmar, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1991 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sinopel in gouden iel, pleatst yn S-foarm, mei de sturt nei boppen en nei rjochts ûnder him trochgeande, en in frijkertier fan azuer, belein mei in leelje fan goud.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud en azuer (blau).

Symbolyk Iel: ferwiist nei de fiskerij fanút it doarp. De gouden kleur ferwiist nei de opbringsten fan de fiskerij. Leelje: oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. De kleur grien is keazen om it wapen te ûnderskieden fan it wapen fan Heech.

Sjoch ek

Gaastmar, De Kategory:De Gaastmar