thumb| Flagge fan Bûtenpost De flagge fan Bûtenpost is de flagge fan it doarp Bûtenpost, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1991 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Read, mei in wyt krús mei in dikte fan 1/4 flaggehichte, de fertikale baan op 1/3 flaggelingte. Op it wite krús in smel grien krús fan 1/12 flaggehichte en op it krúspunt fan it wite krús safier ûnderbrutsen, dat der in grien fjouwerkant fan ûntstiet fan 1/12 flaggehichte. Yn de broektop in giele seispuntige stjer; en yn de broekhoeke in giele leelje; beide fan 1/3 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Bûtenpost.

Symbolyk Read-wite kleurstelling: oernommen út it wapen fan Eastergoa. Stjer: saneamde "haadstjer", Bûtenpost is it haadplak fan Achtkarspelen. Leelje: symboal fan Marije, de patroanhillige fan de Marijetsjerke fan Bûtenpost. Skadinavysk krús: ferwiist nei de belangrykste diken dy't troch it doarp rinne: de dyk fan Grins nei Ljouwert (east-west) en de dyk fan Kollum nei Drachten (noard-súd).

Sjoch ek

Butenpost Kategory:Bûtenpost