Luigi de Manincor (Rovigno, 14 july 1910 - Varazze, 13 febrewaris 1986) wie in Italjaansk siler.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936 en 1948). Hy waard yn Kiel Olympysk kampioen, yn de 8m R-klasse mei Giovanni Reggio, Bruno Bianchi, Domenico Mordini, Luigi Poggi en Enrico Poggi. De 8m R-klasse is in mearpersoanskielboat. It jacht hat in lingte fan ungefear 13,50 oant 15,80 meter, in breedte 2,20 oant 2,50 meter en in djipgong fan 2,00 meter; it grutseil mjit 50 m².
De Manincor gie nei syn sportkarriêre by skipswerf Baglietto yn Genua oan it wurk, dêr't er ferantwurdlik wie foar it bouwen fan wedstriidjachten. Luigi de Manincor ferstoar op 13 febrewaris 1986, yn 'e âldens fan 75 jier.
Kategory:Italjaansk siler Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1986