De Amoerdûkein (Aythya baeri) is in dûkein fan it skaai jollings (Aythya) út de famylje einfûgels (Anatidae). De ekstreem seldsume fûgel komt yn it súdeasten fan Sibearje en Súdeast-Aazje foar.
Beskriuwing thumb|left|Ofbyld fanJohannes Gerardus Keulemans. Amoerdûkeinen wurde 41 oant 46 sm lang. It mantsje hat in grien glânzgjende kop en nekke, in kastanjebrún boarst, in donkerbrune rêch en brune flanken, dy't nei de wite búk ta oergean yn brune streken. De snaffel is blaugriis en wurdt by de swarte punt wat ljochter. De iris fan 'e fûgel is ljochtgiel oant wyt. By it jerkje ûntbrekt bûten de briedtiid de glâns op 'e kop en hals. De fearren fan 'e romp binne dan griis- oant brúneftich, de flanken binne ek wat donkerder en de snaffel is donkerder blaugriis.
Wyfkes binne griisbrún en ha gjin opfallende ferskillen mei de oare wyfkes fan jollings. De grutste ferskillen is it formaat fan 'e snaffel. Se hat in donkergrize snaffel en in donkerbrune iris.
De jonge Amoerdûkeinen lykje op wyfkes en dat jildt sawol foar de jerkjes as de wyfkes. Harren donkerbrune kop en rompfearren binne sûnder glâns. De flanken binne allinne yn it ûnderste diel ljochter.
As Amoerdûkeinen fleane is der by jerken en wyfkes in opfallende wite bân te sjen. De fûgels binne ûnder de wjukken wyt. Se ha ek in ljochte búk.
Fersprieding thumb|250px|Wyfke mei trije piken. Se briede by marren en wiete gebieten yn gerslân yn it Amoergebiet fan Sibearje en yn Mantsjoerije. Nei alle gedachten briede de fûgels ek yn Noard-Koreä en yn it easten fan Mongoalje. De soarte jout de foarkar oan ûndjippe marren mei in soad begroeiing yn iepen lânskippen en lit him net yn wetter yn boskgebieten sjen. De briedgebieten hat faak in brede reidseame mei wat stikjes iepen wetter.
Winterdeis trekt de fûgel nei Japan, Tailân, Birma, Assam en Bangladesj. In pear eksimplaren oerwinterje noch yn it noardeasten fan Yndia. It grutste diel fan 'e populaasje oerwinteret lykwols yn it easten fan Sina.
De wintergebieten binne net oars as de briedgebieten, mar de ein is dan ek te sjen op brak wetter, by mûningen fan rivieren en opslachmarren. Op 'e trek folgje de einen oer it generaal de rin fan 'e rivieren.
Gedrach thumb|left|Pearke Amoerdûkeinen yn Wuhan, Sina. Bûten de briedtiid libje se yn lytse groepen, yn 'e briedtiid yn pearkes of lytse famyljeferbannen. Oer syn iten is net in soad bekend, mar it bestiet út planten en út dierlik materiaal. Yn guon gebieten binne ek rysplanten in belangrike oanfolling op it dieet.
De pearkes wurde yn 'e wintergebieten foarme. Se komme tusken healwei maart oant healwei maaie yn 'e briedgebieten werom. De nêsten wurde fan planten yn 'e tichte reidseame boud. Tsjin 'e ein fan maaie, begjin juny wurde de aaien lein. In lechsel bestiet út 10 gielgrize aaien, dat yn likernôch 27 dagen útbret wurdt.
Status De oerwinteringsgebieten binne fral oantaaste troch wetterfersmoarging, fiskerij, feroaringen yn 'e fegetaasje en de feroaringen fan in soad wettergebieten oan 'e Yangtze. Faktoaren yn 'e bried- en trekgebieten ha mooglik ek bydroegen oan 'e tebekgong fan 'e fûgels. Oan 'e tebekgong fan 'e fûgel is noch gjin ein kommen.
De IUCN klassifisearre de fûgel earder as in kwetsbere soarte. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat de oantallen hieltiten hurder ôfnimme. Dêrom waard de soarte yn 2008 op 'e list fan bedrige diersoarten set. Yn 2012 waard de IUCN-status feroare yn earnstich bedrige. Yn 2021 krige de Amoerdûkein de heechste beskermingsstatus yn Sina. Neffens mediaberjochten waard yn 2022 de earste finzen populaasje yn Sina yn 'e dieretún fan Beijing ûnderbrocht mei totaal 54 fûgels. It doel is om dy populaasje út te wreidzjen en foar reyntroduksje yn te setten.
Neffens in yn 2022 publisearre stúdzje lizze de measte briedplakken (81,8%) en geskikte biotopen (94%) bûten beskerme gebieten en oerlaapje se mei grutte stêden. De hjoeddeiske beskerme gebieten binne mooglik minder effektyf foar it behâld mei it each op in takomstige klimaatferoaring. Fan grut belang foar de beskerming fan 'e soarte is grinsoerskriedende gearwurking.
Keppeling om utens Birdlife. IUCN. Ebird. Avibase.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Jolling Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan