thumb| Flagge fan de Gordyk De flagge fan De Gordyk is de flagge fan de flekke De Gordyk, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei oan de flechtside reitsjende swarte broekingstrijehoeke mei in ferrin fan in skânsdwinger, wêr fan dit ferrin ynwendig seamd is fan grien, mei in seamdikte, gelyk oan 1/20 flaggehichte; de broekingstrijehoeke oan de broekside belein mei trije ikels yn de dop en trije ikeblêden, om en om, in ikel wizend nei boppen en it gehiel yn in seispas, giel fan kleur.
De kleuren komme út it wapen fan De Gordyk.
Symbolyk Seispas: ferwurking fan de iketakken út it wapen fan De Gordyk. Skânsdwinger: ferwiist nei de skâns dy't by De Gordyk lei. Griene seam fan de skânsdwinger: ferwiist nei it diel "dyk" út de plaknamme. De griene kleur ferwiist nei it gers dat in dyk of skâns begroeid. Swart fjild: ferwiist nei it eardere fean yn de omkriten fan it doarp. Giel fjild: ferwiist nei de sângrûn yn de omkriten fan it doarp.
Oare fariant Der bestiet ek in fariant mei in giele flagge mei it doarpswapen en dêrboppe in swarte tekst: "GORREDIJK".
Sjoch ek
Kategory:De Gordyk Gordyk, De