thumb| Flagge fan Ljussens De flagge fan Ljussens is de flagge fan it doarp Ljussens, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Wyt mei in blauwe flechtskeanbaan fan 1/3 flaggehichte; yn de broektop in griene klaver.

De kleuren komme út it wapen fan Ljussens.

Symbolyk Skeanbaan: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Klaverblêd: oernommen út it wapen fan de famylje Gerroltsma dy't yn it doarp de Gerroltsmastate bewenne.

Sjoch ek

Ljussens Kategory:Ljussens