thumb| Flagge fan Hichtum De flagge fan Hichtum is de flagge fan it doarp Hichtum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.

By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In grien fjild mei in giele diagonale baan dy't fan linksûnder nei rjochtsboppe rint. Oan de mestside de fersmelde flagge fan Wûnseradiel.

De kleuren komme út it wapen fan Hichtum.

Symbolyk

Griene fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Fersmelde flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.

Sjoch ek

Hichtum Kategory:Hichtum