thumb| Wapen fan Arum It wapen fan Arum is it wapen fan it doarp Arum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in gouden peal, biladen mei trije swarte kammen, boppe-inoar pleatst.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud en sabel (swart).

Symbolyk

Kammen: oernommen út it wapen fan de famylje Van Cammingha dy't yn it doarp de Camminghastate bewenne.

Sjoch ek

Arum Kategory:Arum