Captain Marvel is in Amerikaanske histoaryske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan Anna Boden en Ryan Fleck, mei yn 'e haadrollen Brie Larson en Samuel L. Jackson. De titel betsjut safolle as "Kaptein Mirakel", en ferwiist nei de haadpersoan. It ferhaal folget Vers, in mei boppenatuerlike krêften bejeftige froulike kommando fan 'e bûtenierdske Kree-beskaving, dy't ûntdekt dat se eins fan 'e Ierde komt, dêr't se as Carol Danvers in testpiloate foar de Amerikaanske Loftmacht wie. Alles wêrfan't se miende dat it de wierheid wie, blykt in leagen te wêzen. Se keart yn 1995 werom nei de Ierde, dy't se rêde moat fan 'e ferneatiging yn in bûtenierdske oarloch. Captain Marvel makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. As sadanich waard de film foarôfgien troch Ant-Man and the Wasp (2018) en folge troch Avengers: Endgame (2019). Captain Marvel wie de earste superheldefilm fan 'e Marvel Studios mei in frou yn 'e haadrol. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in daverjend kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In direkt ferfolch, The Marvels waard yn 2023 útbrocht.
Plot Yn 1995 pakt Vers, in froulik lid fan 'e Stjerrestriidkrêften fan it bûtenierdske Kree-ryk, op Hala, de haadplaneet fan 'e Kree, om mei ûnthâldsferlies en weromkearende nachtmerjes oer in âldere frou. Se is bejeftige mei boppenatuerlike krêften, spesifyk fûsten dy't begjinne te gloeien as se lulk wurdt en dêr't se ûnbidige klappen mei útdiele kin. Yon-Rogg, har kommandant en mentor, traint har om har jeften te behearskjen. De Alderheechste Yntelliginsje, de keunstmjittige yntelliginsje dy't it Kree-ryk regearret, fiteret Vers oan om har emoasjes te bedimjen. Om har te helpen is yn har nekke in chip ymplantearre dy't de tafier fan enerzjy nei har fûsten oan bannen leit.
Op in misje om in undercoveragint te rêden fan in groep Skrull, bûtenierdske stalferwikselers mei wa't de Kree yn oarloch binne, wurdt Vers kriichsfinzen nommen troch de Skrull-lieder Talos. It slagget de Skrull om tagong te krijen ta de ierste, ûnderdrukte oantinkens fan Vers, dy't suggerearje dat sy eins gjin Kree is, mar fan in primitive planeet komt dy't de Ierde hjit. De Skrull binne benammen ynteressearre yn in dr. Wendy Lawson, de âldere frou út Vers har dreamen. Se nimme Vers yn harren romteskip mei nei de Ierde, mar dêr arrivearre slagget it har om te ûntsnappen. Efterfolge troch Talos en in groep Skrull stoart se del op it planeetoerflak yn in stêd dy't Los Angeles hjit, dwers troch it dak hinne fan wat in fideoteek blykt te wêzen.
De befeiligingsman dy't har delkommen sjoen hat, warskôget de autoriteiten, en spesjaal aginten Nick Fury en Phil Coulson fan S.H.I.E.L.D., in feilichheidstsjinst dy't him dwaande hâldt mei it paranormale, geane op ûndersyk út. Harren ûnderfreging fan Vers wurdt lykwols rou ûnderbrutsen troch in oanfal fan 'e Skrull. Vers jaget de Skrull op 'e flecht troch enerzjyprojektilen ôf te sjitten út har fûsten, en yn 'e resultearjende efterfolging kriget se in kristal yn 'e hannen dat har troch de Skrull oproppen oantinkens befettet. Underwilens deadet Fury in Skrull dy't it stal fan syn kollega Coulson oannommen hat en as it wêzen nei de dea syn oarspronklike uterlik weromkriget, kin Fury net oars as tajaan dat Vers har ferhaal oer stalferwikseljende bûtenierdske wêzens dy't de Ierde ynfiltrearre hawwe, op wierheid berêst.
Yn 'e foarm fan Fury syn sjef Keller jout Talos Fury opdracht om Vers werom te finen en har yn 'e rekken te hâlden, mar nimmen oars by it ûndersyk te belûken om't eltsenien ommers in Skrull yn momkape wêze kin. Vers giet op 'e siik nei de loftmachtbasis dêr't har flarderige oantinkens oer geane en nei in logo dat fan Projekt Pegasus blykt te wêzen, in topgeheim projekt fan 'e Amerikaanske Loftmacht dêr't dr. Lawson by belutsen wie. Fury jout him by har en sy nimt him op sleeptou. Se geane nei in geheim argyf fan 'e Amerikaanske oerheid, dêr't se ûntdekke dat Projekt Pegasus in besykjen wie om flugger-as-ljochtreizgjen út te finen. It hiele projekt kaam út 'e koker fan dr. Lawson. Vers, dy't eins Carol Danvers blykt te hjitten, wie ien fan 'e testpiloaten fan it projekt. Sy en Lawson soene seis jier lyn, yn 1989, omkommen wêze by in testflecht, wêrnei't de Amerikaanske oerheid it rottekrûddjoere faalde projekt opdoekt hat en beard hat dat it nea bestien hat.
Fury hat ûnderwilens temûk Keller fan harren lokaasje op 'e hichte steld, mar as net Keller mei in team fan S.H.I.E.L.D., mar Talos mei in stikmannich Skrull opdaagjen komt, kriget Fury foar it ferstân dat de Keller dêr't er mei kommunisearret eins sels in Skrull is. Dêrop helpt er Danvers om oan 'e Skrull te ûntkommen yn in eksperiminteel strielfleantúch fan Projekt Pegasus, yn 'e mande mei in ferstekling: Lawson har kat Goose. Se fleane nei Louisiana ta, dêr't Maria Rambeau wennet, in oare eardere testpiloate, de bêste freondinne fan Danvers en de lêste dy't har en Lawson yn libben sjoen hat. Rambeau en har alvejierrige dochter Monica fertelle Danvers oer har ferline. Talos arrivearret ûnbewapene en leit út dat de Skrull eins flechtlingen binne dy't besykje te ûntkommen oan 'e genoside dy't de Kree tsjin harren útfiere. Dr. Lawson wie eins Mar-Vell, in rebelske Kree-wittenskipster dy't harren besocht te helpen troch harren de mooglikheid ta flugger-as-ljochtreizgjen te jaan, sadat alle Skrull mei-inoar útnaaie kinne soene nei in nije wrâld fier fuort fan 'e ynfloedssfear fan it Kree-ryk.
Talos hat in lûdsopname fan 'e swarte doas fan it eksperimintele fleantúch fan dr. Lawson meinommen, dy't er yn it stal fan Keller út 'e argiven fan oerheid stellen hat. Hy spilet de opname ôf foar Danvers en helpt har sa har ûnthâld werom te krijen. Wylst se nei de opnamen harket, wit Danvers wer dat Lawson by de lêste testflecht agitearre wie, mei't se derfan oertsjûge wie dat "sy" har ûntdutsen hiene en dat har útfining op it punt stie om yn ferkearde hannen te fallen. Se woe sels mei har útfining útnaaie, mar Danvers woe dêr neat fan witte en klom as piloat yn 'e cockpit, mei Lawson efter har as navigator. Op harren flecht waarden se efterfolge troch in bûtenierdsk romteskip, dat harren delskeat. Se oerlibben it delstoarten, mar Lawson, dy't slim ferwûne rekke wie, blette blaukleurich bloed. Se sei dat se har útfining ferneatigje moast foar't dy stellen waard, mar se waard deasketten ear't se it wrak fan it fleantúch opblaze koe.
Danvers beseft dat se dat barren hieltyd yn har nachtmerjes weromsjoen hat, mar ynstee dat it in Skrull wie dy't troch de reek op har takaam, wie it eins Yon-Rogg. Ear't er by it wrak komme koe, blies Danvers dat op, wat fanwegen de útfining fan Lawson ta in bûtenproporsjoneel swiere eksploazje late. Danvers rekke behelle yn 'e skokweach en har lichem absorbearre de enerzjy fan 'e flugger-as-ljochtmotor, wat ferklearret hoe't sy oan har boppeminsklike krêften komt. Itselde barren taaste lykwols ek har mentale fermogens oan en soarge foar duorjend ûnhâldsferlies.
Talos seit dat de Skrull de enerzjyboarne sykje dy't Lawson foar har útfining brûkte. Dy is nammentlik net yn 'e ûntploffing fan fleantúch ferlern gien, sa't Danvers en Yon-Rogg mienden, mei't it fleantúch inkeld in motor omfette dy't gebrûk makke fan 'e enerzjyboarne. Danvers lokalisearret it laboratoarium fan Lawson yn in Kree-romteskip dat yn kamûflearre foarm yn in baan om 'e Ierde rûntsjedraait. Sy, Fury, Rambeau en Talos sette dêrhinne ôf, op 'e nij beselskippe fan 'e kat Goose, dêr't Talos benaud foar is om't er, ta fermaak fan Fury, yn it húsdier in gefaarlik bûtenierdsk bist, in Flerken, mient werom te kennen.
Yn Lawson har laboratoarium treft de groep inkele tsientallen Skrull-flechtlingen oan, ûnder wa de frou en dochter fan Talos. De enerzjyboarne dy't Lawson brûkte is de Tesseract (ien fan 'e Ivichheidsstiennen), dy't Danvers ferberget yn in itenstrompke. Ear't se it laboratoarium ferlitte kinne, wurdt de hiele groep finzen nommen troch Yon-Rogg en de oare kommando's fan 'e Stjerrestriidkrêften fan it Kree-ryk, dy't Danvers nei de Ierde folge binne. Yon-Rogg twingt Danvers ta kommuny mei de Alderheechste Yntelliginsje yn it folste fertrouwen dat dy har wer ta hearrigens bringe kin. Mar Danvers is poerrazen oer it ferrie fan 'e Kree en ferset har út alle macht tsjin 'e keunstmjittige yntelliginsje. Wannear't dat allegearre omdôch is, falt it har ynienen yn dat se altyd al mei ien hân op 'e rêch bûn fjochtet. Se skuort de chip út har nekke dy't de stream fan 'e enerzjy troch har lichem beheint. No gloeie net inkeld har fûsten, mar har hiele lea.
Mei har nij fûne krêft en selsfertrouwen slagget it har om har los te skuorren út 'e kommuny mei de Alderheechste Yntelliginsje en har boeiens te ferbrekken. Se weeft ôf mei Yon-Rogg en syn manskippen, wylst Fury en Rambeau de Skrull befrije. Talos blykt gelyk hân te hawwen oer Goose de kat: dy is eins gjin kat mar in Flerken, dy't op in ûnferwachts mar goed fan pas kommend stuit ferskate leden fan 'e Stjerrestriidkrêften ferslynd. Hy slokt ek de Tesseract troch. Underwilens is Ronan de Beskuldiger mei in Kree-float by de Ierde arrivearre om 'e planeet te ferneatigjen, mar Danvers ferneatiget ynstee harren bommen en ien fan harren romtekrusers en jaget de hiele float op 'e flecht. Yon-Rogg jout se in wan bruien en stjoert him dan werom nei Hala mei it boadskip dat se fan doel is en kom del om ferhaal te heljen.
Neitiid nimt Danvers ôfskie fan Fury, Rambeau en Monica en set se ôf om 'e Skrull te helpen by it sammeljen fan harren folk en harren syktocht nei in nije thúswrâld. By Fury lit se in oanpaste piper efter om kontakt mei har op te nimmen yn gefal fan need. Om 'e Ierde te beskermjen tsjin nije oanfallen fan bûtenôf beslút Fury in team fan superhelden byinoar te bringen dat er ferneamt nei de oanropnamme dy't Danvers by de loftmacht hie: Avenger.
Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, is it 2018 en wurdt de aktivearre piper yn 'e rekken holden troch de Avengers, dy't eins net begripe wat it apparaat docht. Se binne ek mear besteld mei de neisleep fan 'e striid tsjin 'e selsútroppen god Thanos, dy't 50% fan alle libben yn it hielal útrûge hat (sjoch: Avengers: Infinity War). Midden yn harren berie ferskynt Carol Danvers hommels yn it fermidden en wol witte wêr't Fury is. Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling springt Goose de "kat" op it buro fan Fury en koarret de Tesseract op.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Carol Danvers / Vers / Captain Marvel Brie Larson spesjaal agint Nick Fury Samuel L. Jackson
byrollen personaazje akteur/aktrise Yon-Rogg Jude Law Talos / Keller Ben Mendelsohn Maria Rambeau Lashana Lynch Minn-Erva Gemma Chan Korath Djimon Hounsou Mar-Vell / dr. Wendy Larson Annette Bening spesjaal agint Phil Coulson Clark Gregg Monica Rambeau (11 jier) Azari Akbar Att-Lass Algenis Pérez Soto Bron-Char Rune Temte Ronan de Beskuldiger Lee Pace Alderheechste Yntelliginsje Annette Bening Soren, de frou fan Talos Sharon Blynn dochter fan Talos Auden en Harriet Ophuls motorrider Robert Kazinsky Soh-Larr Chuku Modu heit Danvers Kenneth Mitchell Steve Danvers Colin Ford Monica Rambeau (5 jier) Akira Akbar man yn trein Stan Lee (cameo) Steve Rogers / Captain America Chris Evans (cameo) Natasha Romanoff / Black Widow Scarlett Johansson (cameo) Bruce Banner / de Hulk Mark Ruffalo (cameo) James Rhodes / War Machine Don Cheadle (cameo) Goose de kat Reggie, Archie, Rizzo en Gonzo
Produksje en distribúsje Produksje