De tiger (wittenskiplike namme: Panthera tigris) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). Dit bist is lânseigen yn dielen fan Súd-, Súdeast- en East-Aazje, dêr't it wâldbiotopen bewennet. In wyfkestiger is in tigerinne en in jong wurdt in welp neamd. De opdieling yn ûndersoarten is in striidkwestje dy't noch net útiten is, mei't guon biologen mar twa ûndersoarten erkenne, wylst oaren it hâlde op njoggen.
Tigers binne tige werkenber mei in krêftich en linich lichem, in grutte kop, in lange sturt en fral in opfallende oranjekleurige pels, dêr't fertikale swarte streken trochhinne sitte. Dat kleurpatroan makket it bist suver ûnsichtber yn lang gers en middenmank strewelleguod. De tiger is yn guon opsichten de grutste kateftige, mei't er in langer lichem hat as de liuw (Panthera leo), mar de liuw hat in hegere skofthichte. Seksuele dimorfy is by de tiger oanwêzich as in ferskil yn grutte en gewicht.
Tigers binne karnivoaren dy't gjin natuerlike fijannen hawwe (útsein de minske). Oeral yn harren ferspriedingsgebiet steane se boppe-oan it fiedselkeatling. It binne grutte en tige gefaarlike rôfdieren, dy't histoarysk ek geregeldwei minsken as proai nommen hawwe. Sûnt de iere tweintichste iuw is harren ferspriedingsgebiet mei teminsten 93% ynkrompen. As slachtoffers fan habitatferlies, habitatfragmintaasje, ûntbosking, streuperij en konflikten tusken minsken en wylde bisten klassifisearret de IUCN de tiger as bedrige.
Etymology 'Tiger' is in wurd dat it Frysk ûntliend hat oan it Aldfrânske tigre, dat fan it Latynske tigris kaam, dat sels wer ôflaat wie fan it Aldgrykske τίγρις, tigris, allegearre mei deselde betsjutting. Al sûnt de Aldheid wurdt oannommen dat it ek yn it Gryksk in lienwurd wie, faaks fan it Armeenske of Perzyske wurd foar "pylk". Yn it ferline waard it skoan mooglik achte dat datselde wurd ek de oarsprong wie foar de namme fan 'e rivier de Tigris, dy't troch Mesopotaamje, Syrje en súdeastlik Anatoalje streamt. Tsjintwurdich, lykwols, wurde de beide oantsjuttings ornaris sjoen as homonimen (wurden dy't inkeld gelikens klinke) en wurdt de bân tusken de tiger en de rivier yn twifel lutsen.
Taksonomy De tiger waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de ferneamde Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn dy syn standertwurk Systema Naturæ. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis tigris, mei't doedestiden it skaai Felis, dat no de wylde katten befettet, brûkt waard foar alle kateftigen. De wittenskiplike beskriuwing fan Linnaeus, dy't nea yn it echt in tiger seach, wie basearre op eardere beskriuwings fan natoerûndersikers lykas Conrad Gessner en Ulisse Aldrovandi. De Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock wie dejinge dy't de tiger yn 1929 yn it skaai fan 'e panters (Panthera) pleatste en it bist sa de wittenskiplike namme Panthera tigris taparte.
Evolúsje Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e libbene soarten fan it skaai fan 'e panters (Panthera) hat útwiisd dat tiger (Panthera tigris) him fan allegearre it earste ta selsstannige soarte ûntjoech, omtrint 6,6 miljoen jier lyn. Ut in oar ûndersyk bliek dat it snieloaihoars (Panthera uncia) de sustersoarte fan 'e tiger is. De oare soarten panters, te witten: de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar (Panthera onca), binne minder nau oan 'e tiger besibbe.
Doe't yn 1924 de earste fossilen ûntdutsen waarden fan 'e Aldsineeske tiger (Panthera palaeosinensis), út it Ier Pleistoseen fan noardlik Sina, waard tocht dat it mooglik in foarâlder fan 'e tiger wie. Mar modern ûndersyk hat útwiisd dat it in basale soarte panter wie, dy't dus op deselde hichte as de tiger en oare libbene pantersoarten stie. De Longdantiger (Panthera zdanskyi) libbe omtrint deselde tiid en yn itselde gebiet, en doe't dêrfan yn 2014 de earste fossilen oantroffen waarden, holden saakkundigen it derop dat it om in sustersoarte fan 'e tiger gie, fanwegen de gelikense morfology fan 'e beide bisten. Mar twa lettere ûndersiken beskôgen de ferskillen tusken de Longdantiger en de Aldsineeske tiger as binnen it berik fan yndividuele fariaasje, wat betsjutte soe dat Panthera zdanskyi eins in synonym is fan Panthera palaeosinensis.
De ierste fossilen fan 'e tiger binne fragminten fan in ûnderkaak dy't fûn binne by Lantian, yn Sina, en dy't datearje fan it Ier-Pleistoseen. Jongere fossilen, út it Mid- en Let Pleistoseen, binne fûn yn grutte dielen fan Sina, op 'e Yndonezyske eilannen Java en Sumatra, yn 'e Yndonezyske en Maleizyske dielen fan Borneo, op Palawan yn 'e Filipinen en yn Japan.
Genetysk ûndersyk wiist derop dat de tigerpopulaasje omtrint 115.000 jier lyn sterk ynkromp troch it oanwaaksen fan 'e gletsjers yn 'e lêste iistiid. Alle hjoeddeistige tigers binne neikommelingen fan in populaasje dy't it lêste glasiaal maksimum oerlibbe yn in refugium (taflechtsoard) yn Yndo-Sina. Doe't de gletsjers tebekwieken, hawwe se dêrwei de oare dielen fan it moderne ferspriedingsgebiet fan 'e tiger kolonisearre. Dêrby fermongen se har mei in reliktpopulaasje dy't oerlibbe hie yn noardeastlik Sina. In fylogeografysk ûndersyk fan S.-J. Luo et al. út 2004 brocht oan it ljocht dat alle libbene tigers in lêste mienskiplike foarâlder hawwe dy't tusken 108.000 en 72.000 jier lyn libbe hawwe moat.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e tiger beslacht grutte dielen fan Súd-, Súdeast- en East-Aazje. It omfettet it Yndysk subkontinint (mar net Sry Lanka), it fêstelân fan Súdeast-Aazje ynkl. it skiereilân Malakka, en dêropta it Yndonezyske eilân Sumatra en yn Sibearje it uterste súdeasten fan it Russyske Fiere Easten yn it Kustterritoarium en it territoarium Chabarovsk. Foarhinne wie de fersprieding fan 'e tiger grutter, mar it bist is yn 'e tweintichste iuw pleatslik útstoarn yn eastlik en súdeastlik Sina (útsein de grinsregio mei it Russyske Fiere Easten), op it Koreaansk Skiereilân, op 'e Yndonezyske eilannen Java en Baly, en yn Pakistan, Sintraal-Aazje, Sinkiang-Oeigoerje, Transkaukaazje en it noarden fan it Midden-Easten. It útstjerren fan 'e tiger op it eilân Borneo barde nei alle gedachten earder, om 3.000 jier lyn hinne.
Uterlike skaaimerken Grutte en gewicht De tiger hat in kop-romplingte fan 140–280 sm en in skofthichte fan 80–110 sm, mei in sturtlingte fan 60–110 sm. Wat lichemsgrutte oangiet, bestiet der yn it foarste plak in beskate seksuele dimorfy tusken mantsjes en tigerinnen, mei't de mantsjes in slach grutter binne. Oard is der ek in ferskil yn grutte tusken de ûnderskate ûndersoarten, wêrby't Sibearyske tiger (Panthera tigris altaicus) en de Bingaalske tiger (P. t. tigris) it grutste binne en de Sumatraanske (P. t. sumatrae), Javaanske (P. t. sondaica) en Balineeske tigers (P. t. balica) it lytste, mooglik as gefolch fan it ferskynsel eilândwerchgroei, al is dat yn it gefal fan 'e tiger net alhiel wis.
Mantsjes fan 'e Bingaalske tiger binne it swierst, mei in gewicht fan 200–260 kg, wylst tigerinnen fan dy ûndersoarte 100–160 kg weagje. By de Sumatraanske tiger weagje de mantsjes net mear as 100–140 kg, en de tigerinnen 75–110 kg. De grutste yndividuën fan 'e tiger binne ek de grutste kateftigen fan alle soarten, mar om't tigers nei ûndersoarte sa yn grutte fariëarje binne liuwen (Panthera leo) grutter as men fan soartegemiddelden útgiet.
Morfology Tigers hawwe in morfology dy't karakteristyk is foar in grutte kateftigen, mei in krêftich lichem, ferkoarte skonken, grutte poaten, in mânske kop mei sterke kaken en in sturt dy't likernôch heal sa lang is as it lichem. De foarpoaten hawwe fiif teannen en de efterpoaten fjouwer. De fjoerskerpe ynlûkbere klauwen kinne in lingte berikke fan 10 sm. De earen binne rûn en de snorhierren lang. De eagen hawwe in rûne pupil. De snút rint út op in noas dy't trijehoekich fan foarm is en in rodzich rôze kleur hat mei swarte spikkels dertrochhinne. It tal fan dy spikkels wint oan neigeraden dat it bist âlder wurdt. De bek is tarist mei in gebit fan 30 tosken, mar gjin kiezzen, want dy binne om plantaardich iten te fermeallen en dêr hat in karnivoar as de tiger gjin ferlet fan. De hoektosken fan 'e tiger binne de langsten fan alle libbene kateftigen, en mjitte 6,4–7,6 sm.
Pels Patroan en kleur It hier fan 'e tiger is koart, mar sa'n 35 mm, hoewol't it hier fan 'e Sibearyske tiger, dy't yn in folle kâlder klimaat libbet, 105 mm lang wurde kin. De pels is frij licht en iepen, op 'e nij mei útsûndering fan 'e Sibearyske tiger, dy't in tige tichte winterpels hat.
It bekendste en werkenberste skaaimerk fan 'e tiger is it kleurpatroan fan syn pels, dy't op 'e kop, nekke, rêch, siden, poaten en sturt oranje is mei ûnderbrutsen fertikale swarte streken dertrochhinne (útsein op 'e poaten en de kop, dêr't se horizontaal binne). De boppelippe, it kin, de wynbrauwen, de wangen, de hals, it boarst, de bealch en de binnenkant fan 'e poaten binne wyt, foar in part mei deselde swarte streken. Dat kleurpatroan jout de tiger in treflike skutkleur yn in lânskip mei opgeande plantegroei, dy't ommers itselde fertikale strekepatroan hat. Men kin dan tinke oan lang gers, reid, strewellen of tin beamkeguod. De oranje kleur ferskilt net sa'n soad fan 'e kleur fan útdrûge gers of reid. Boppedat binne de proaien fan 'e tiger kleureblyn, sadat se sels yn 'e reintiid gjin ferskil sjogge tusken oranje en grien.
Kleurfariaasjes By de Bingaalske tiger kamen fan âlds trije kleurfariaasjes yn it wyld foar, mar no frijwol net mear om't de wylde populaasje noch mar sa lyts is. Alle trije fariaasjes besteane lykwols noch by tigers dy't yn finzenskip libje, om't harren minsklike eigners de bisten der mei opsetsin foar fokt hawwe. De wite tiger hat in pels mei in wite of hiel ljocht krêmkleurige grûnkleur en sepiabrune streken deroerhinne; de gouden tiger hat in bleek gouden grûnkleur mei readbrune streken; en de sniewite tiger hat in wite pels mei hast hielendal gjin streken, al binne se dizenich noch oanwêzich en sitte der wol sepiabrune ringen om 'e sturt.
Wite en gouden kleurfariaasjes binne it resultaat fan 'e oanwêzigens fan twa ferskillende resessive genen, wylst de sniewite tiger beide resessive genen hat. Yn in wylde tigerpopulaasje is mar 1 op 'e 1.000 yndividuën in wite tiger. De oerrepresintaasje fan wite tigers yn finzenskip is it gefolch fan opsetlik feroarsake yntylt. Sadwaande is it fokken fan wite tigers (en bisten mei de oare kleurfariaasjes) kontroversjeel, ek al om't de kleurmutaasje yn it wyld eins gjin doel tsjinnet.
Wat ek by Bingaalske tigers foarkomt, is pseudo-melanisme. By de ôfwiking melanisme soe eins de hiele pels swart wêze moatte, lykas by in swarte panter, dat in melanistysk eksimplaar is fan it loaihoars (Panthera pardus) of fan 'e jagûar (Panthera onca). Mar pseudo-melanistyske tigers hawwe tsjûke, yninoar oerrinnende swarte streken op in oranje ûndergrûn. Yn it Nasjonaal Park Simlipal yn Yndia hat 37% fan 'e populaasje dy ôfwiking, dy't ek wer it gefolch is fan in genetyske mutaasje. It hege persintaazje hat te krijen mei de genetyske isolaasje fan 'e oanbelangjende populaasje. Pseudo-melanisme kin ek kombinearre wêze mei de genetyske ôfwiking foar wite tigers, want in eksimplaar opsmyt mei tsjûke brune yninoar oerrinninde streken op in wite ûndergrûn.
Biotoop Tigers bewenje wâldbiotopen en mije yn prinsipe de iepen romte, útsein gruttere iepen plakken yn 'e bosk. Op it Yndysk subkontinint, yn Súdeast-Aazje en op 'e westlike eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel libje de bisten oer it algemien yn tropysk reinwâld. Dêrnjonken komme se ek foar yn 'e mangrovesompen fan 'e Sundarbans yn Bangladesj en West-Bingalen, en yn 'e tuskenbeiden berchwâlden fan 'e eastlike Himalaya. Yn Sintraal-Aazje kaam de tiger histoarysk foar yn rivierwâlden. Yn it Fiere Easten fan Sibearje libbet er yn mingd wâld en nullewâld. Yn berchtmen, spesifyk: de eastlike Himalaya, komme tigers foar oant in hichte fan 4.200 m boppe seenivo.