De foks (wittenskiplike namme: Vulpes vulpes), ek fokse of fos, en ta ûnderskie fan oare foksesoarten ek wol de reade foks of rea(d)foks of de gewoane foks neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e foksen (Vulpes). In mantsje is in rikelfoks of koartwei rikel, en in wyfke is in moerfoks. Dit bist is lânseigen yn hast hiel Jeraazje en Noard-Amearika, mei dêropta ferskate dielen fan Noard-Afrika. Hy komt ek in protte foar yn Austraalje, dêr't er in skealike, troch de minske yntrodusearre eksoat is.

Fan oare foksesoarten ûnderskiedt de (reade) foks him troch syn oranje kleur, syn mânskere lichemsgrutte en syn folle gruttere fersprieding, dy't it gefolch is fan syn bettere oanpassingsfermogen. Foksen binne foar it meastepart karnivoaren, dy't yn pearkes of lytse famyljegroepkes libje. Der wurde 46 ûndersoarten erkend. De foks hat in lange skiednis fan ynteraksje mei de minske, net inkeld as ûngedierte dat bestriden wurde moat, mar ek as in bist dat bejage is om syn pels en domestisearre foar de pelsdierfokkerij. Yn 'e minsklike kultuer is de foks sprekwurdlik wurden foar slûchslimmens. De IUCN klassifisearret de foks as net bedrige.

Etymology It Fryske wurd "foks" komt fan it Oergermaanske *fuhsaz, krekt sa't dat it gefal is mei de korrespondearjende termen yn oare Westgermaanske talen, lykas Noardfrysk foos, Sealterfrysk Foaks, Nederlânsk en Nedersaksysk vos, Dútsk Fuchs en Ingelsk fox. De Oergermaanske foarm giet werom op it Proto-Yndo-Jeropeeske *puḱ, dat "tsjokbehierre" of "sturt" betsjut. Oare wurden fan dy woartel sjocht men werom yn Yndo-Jeropeeske talen as it Hindy (pū̃ch, "sturt"), Tochaarsk B (päkā, "sturt") en Litousk (pūkas, "pels" of "dûns"). De wittenskiplike namme fan 'e foks, vulpes, is simpelwei it Latynske wurd foar "foks".

Taksonomy De foks waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758 troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, foar de tsiende edysje fan syn taksonomysk magnum opus, de Systema Naturæ. Yn 't earstoan krige er de wittenskiplike namme Canis vulpes, mei't Canis, it skaai fan 'e hûnen, doedestiden foar alle hûneftigen brûkt waard. Yn 1764 yntrodusearre de Frânske biolooch Frânçois Alexandre Pierre de Garsault it skaai Vulpes foar de ûnderskate soarten foksen. De foks waard de typesoarte fan dat nije skaai.

Evolúsje Oarsprong De foks as soarte is fan Jeraziatyske oarsprong. As foarâldersoarte wurdt almeast Vulpes alopecoides oantsjut, dy't in Jeraziatyske fersprieding hie, mar it soe ek V. chikushanensis út Sina west hawwe kinne. Beide soarten libben yn it Mid-Villafranchyn fan it Pleistoseen. De ierste fossilen fan 'e foks komme út 'e Hongaarske provinsje Baranya en datearje fan it Mid-Pleistoseen, 3,4 miljoen oant 1,8 miljoen jier lyn. Ut dy en lettere fossilen blykt dat de iere foks lytser fan stal wie as syn hjoeddeistige neikommeling. Mei't de ierste fossile bonken fan 'e foks oantroffen waarden op rúchskernen fan minsklike delsettings, wurdt wol tocht dat de foks troch de minske bejage waard om syn pels en mooglik ek foar it fleis. Mar it is ek mooglik dat foksen geregeldwei by de rúchskernen fan minsklike delsettings omhongen op 'e siik nei de restanten fan slachte bistekarkassen.

Relaasje mei besibbe soarten De foks wurdt beskôge as in mear spesjalisearre karnivoar as nau besibbe soarten lykas de Afgaanske foks (Vulpes cama), de steppefoks (V. corsac) en de Bingaalske foks (V. bengalensis). It ferskil sit him benammen yn 'e gruttere lichemsfoarm en it heger ûntwikkele antlit. De Tibetaanske sânfoks (V. ferrilata) is lykwols noch better oanpast oan in poer karnivoar dieet.

It naust is de (reade) foks besibbe oan 'e sânfoks (V. rueppelli) út Noard-Afrika en it Midden-Easten, dêr't it in sustertakson fan is. Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e beide soarten, út 2023 en 2024, wiist der sels op dat de sânfoks eins nauwer besibbe is oan guon ûndersoarten fan 'e foks as dy ûndersoarten besibbe binne oan beskate oare ûndersoarten. Sa'n sitewaasje is eins parafyletysk (taksonomysk ûnjildich), en der besteane twa oplossings foar: òf de foks moat opdield wurde yn ferskillende soarten, òf de sânfoks is winliken in ûndersoarte fan 'e foks. Net ien fan dy beide mooglikheden wurdt troch saakkundigen oanloklik achte.

Hoe't de nauwe bân fan 'e foks en de sânfoks, dy't út neamde ûndersiken nei foarren kommen is, dan dochs útlein wurde kin, binne de folgjende hypotezen foar betocht. Yn it foarste plak soe de sânfoks relatyf resint in sterk ôfwikende evolúsjonêre ûntwikkeling trochmakke kinnen hawwe. Oard bestiet de mooglikheid dat der flaters makke of ûnfolsleinheden ûntstien binne, itsij yn 'e neamde ûndersiken, itsij by it fêstlizzen fan 'e ûndersoarten fan 'e foks. En trêd bestiet der ek noch in kâns dat de oerienkomsten fan it mitogondriaal DNA fuortfloeie út in relatyf resinte hybridisearring fan 'e beide soarten. Mei it each op it fossile bewiismateriaal oangeande beide soarten liket de lêste mooglikheid de oannimlikste. Dat wurdt ek skoarre troch de dúdlike ekologyske en morfologyske oerienkomsten tusken de foks en de sânfoks.

Kolonisaasje fan Noard-Amearika De foks berikte Noard-Amearika fia de Beringlânbrêge en kolonisearre it kontinint yn twa weagen, yn 'e foarlêste glasiaal (194.000–135.000 jier lyn) en yn 'e lêste glasiaal (115.000–11.700 jier lyn). Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat de (reade) foksen yn Noard-Amearika al 400.000 jier isolearre binne fan harren hjoeddeistige wjergaders yn Jeraazje, wat betsjut dat it kontakt ferlern gien wêze moat rom foardat se út noardeastlik Aazje de Beringstrjitte oerstieken. Foarhinne waard de foks yn Noard-Amearika as in selsstannige soarte sjoen ûnder de wittenskiplike namme Vulpes fulva. Hjoed oan 'e dei wurdt de jildichheid fan dy yndieling net mear erkend, mar de lange perioade fan isolaasje betsjut dat it mooglik wêze kin dat de folksen fan Jeraazje en dy fan Noard-Amearika yn 'e tuskentiid útinoar groeid binne, en dat de folksen fan Noard-Amearika yndie in aparte soarte foarmje kinne soene.

Fossilen fan 'e foks yn Noard-Amearika dy't tebekgeane oant de lêste ynterglasiaal (130.000–115.000 jier lyn) binne opdobbe by Fairbanks (Alaska) en Medicine Hat (Alberta). Guon dy't weromgeane oant de lêste glasiaal (115.000–11.700 jier lyn) binne op fiifentweintich ûnderskate plakken oantroffen, yn Arkansas, Firginia, Idaho, Kalifornje, Kolorado, Missoery, Nij-Meksiko, Ohio, Tennessee, Teksas en Wyoming. Dat lit sjen dat de fersprieding fan 'e foks yn dy tiid fier nei it suden ta trochrûn, mar yn 'e ynterglasialen (waarmere perioaden tusken de glasialen yn) kromp it areaal yn nei it noarden ta. Pas frij resint hat de foks yn Noard-Amearika syn ferspriedingsgebiet wer nei it suden ta útwreidzje kinnen as gefolch fan feroarings yn it miljeu dy't feroarsake waarden troch minsklike aktiviteiten.

Genetysk ûndersyk hat oantoand dat foksen yn Noard-Amearika de lêste glasiaal (yn 'e folksmûle: de lêste iistiid) oerlibbe hawwe yn twa refugia (taflechtsoarden). It earste omfette dielen fan Alaska en westlik Kanada, dêr't de gruttere Noardamerikaanske ûndersoarten fan hjoed de dei út fuortkommen binne (lykas de Alaskafoks, de Britsk-Kolumbiaanske foks, de noardlike flaktefoks en de Nijskotlânske foks). It twadde refugium omfette de Rocky Mountains, de Cascades en de Sierra Nevada yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, dêr't in fjouwertal lytsere ûndersoarten wei komme (de Cascadesreafoks, de Wasatchreafoks, de Sierra-Nevadareafoks en de Sacramentodellingreafoks). De foksen út dat súdlike (of montane) refugium hawwe al sûnt teminsten it lêste glasiaal maksimum (it hichtepunt fan 'e lêste iistiid) gjin kontakt mear hân mei soartgenoaten fan bûten de eigen klade. It kin dêrom wêze dat se unike ekologyske en/of fysiologyske adaptaasjes ûntwikkele hawwe.

Fersprieding Lânseigen fersprieding Algemien foarkommen De foks hat it grutste ferspriedingsgebiet fan alle foksen, dat bestiet út krapoan 70 miljoen km² en dat him útwreidet oer hast hiel Jeraazje en Noard-Amearika, mei dielen fan Noard-Afrika der noch op ta. Yn Jeropa ûntbrekt de foks inkeld op guon eilannen. Dêrby giet it yn 'e Atlantyske Oseaan om Iislân, de Fêreu-eilannen, de Sjetlâneilannen, de Orkaden, de Hebriden, Man en de Kanaaleilannen. Dêrnjonken binne der likemin foksen op it Deenske Bornholm, it Sweedske Gotlân en de Finske en Estyske eilannen yn 'e Eastsee. Yn 'e Middellânske See hearre Korsika, Sardynje, Sisylje en Syprus wol ta it ferspriedingsgebiet fan 'e foks, mar ûntbrekt dit bist op 'e Baleären, Kreta, de Kroätyske eilannen yn 'e Adriatyske See en de Grykske eilannen yn 'e Ioanyske See en de Egeyske See.

Yn Aazje rint de fersprieding fan 'e foks yn it easten troch oant en mei Japan, Sachalin, de Koerilen en it Tsjûkotkaskiereilân oan 'e kust fan 'e Beringsee yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje. Yn Noard-Aazje ûntbrekt de foks inkeld op it Taimyrskiereilân yn it uterste noarden fan Sibearje. De súdgrins fan it areaal rint oer it Yndysk subkontinint, likernôch fan 'e miljoenestêd Bombay ôf oan 'e kust fan 'e Arabyske See en dêrwei yn in rûchwei rjochte line nei it easten oan 'e kust fan 'e Golf fan Bingalen ta. Yn Súdeast-Aazje folget de súdgrins fan 'e fersprieding in bochtsjende line fan westlik Birma oant súdlik Fjetnam. De foks komt net foar op 'e eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel, en likemin op Taiwan, Hainan of de Filipinen.

Yn Noard-Afrika is de foks oanwêzich yn it noarden fan 'e Magreblannen Marokko, Algerije en Tuneezje. Der libbet ek in isolearre populaasje yn 'e Syrenaika yn eastlik Lybje. Yn Egypte folget de fersprieding fan 'e foks de rin fan 'e rivier de Nyl fan 'e Middellânske See ôf streamop oant yn noardlik Sûdaan. De westgrins fan it ferspriedingsgebiet yn Aazje rint yn Egypte oer it Sinaïskiereilân.

Yn Noard-Amearika komt de foks foar op it hiele fêstelân fan Alaska, mei dêropta de eilannen fan 'e Kodiakarsjipel. Yn Kanada heart ek it hiele fêstelân ta it ferspriedingsgebiet. Dêr komt dit bist fierders foar op Vancouvereilân yn 'e Stille Oseaan, Prins Edwardeilân, Anticosti en Nijfûnlân yn 'e Atlantyske Oseaan en Baffinlân yn 'e Noardlike Iissee. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten ûntbrekt de foks inkeld yn 'e Everglades oan 'e súdpunt fan it Floaridaskiereilân, yn 'e moerassen fan 'e Mississippydelta yn Louisiana, en yn 'e woastinige kriten fan Teksas, it Amerikaanske Súdwesten en fuort bewesten de Rocky Mountains. Yn Kalifornje is de lânseigen fersprieding fragmintarysk.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân Yn Nederlân komt de foks fan âlds rûnom foar yn eastlik Grinslân, it súdeasten fan Fryslân, en fierders yn Drinte, Oerisel, Gelderlân, Utert, Noard-Brabân en Limburch. Sûnt de 1980-er jierren wie der in algemiene opmars yn westlike rjochting gewaar te wurden. Dêrnjonken libbet de foks tsjintwurdich ek yn 'e dunestripe fan Noard- en Súd-Hollân en op guon plakken op Foarne-Putten, Goeree-Oerflakkee, Súd-Bevelân en Walcheren en yn Siuwsk-Flaanderen. Yn Grinslân hat de foks syn areaal útwreide nei de it Hegelân en it Westerkertier, en yn Fryslân nei de Klaai. Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 191.

Foarkommen as eksoat Austraalje