thumb| Wapen fan Furdgum It wapen fan Furdgum is it wapen fan it doarp Furdgum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2013 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in lizzend read karretsjil, boppe beselskippe fan twa blauwe flaaksblommen mei in gouden knop neist elkoar; in blau skyldhaad, belein mei in gouden nôtier, mei de stâle nei lofts.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read) en azuer (blau).
Symbolyk Weintsjil: oernommen út it wapen fan de famylje Van Camstra, dy't de Camstrastate by it doarp bewenne. Ek is it symboal foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp. Flaaksblommen: ferwize nei de ferbou fan flaaks yn de omkriten fan it doarp. Nôtier: oernommen út it wapen fan Barradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
Sjoch ek
Furdgum Kategory:Furdgum