thumb| Wapen fan Suwâld It wapen fan Suwâld is it wapen fan it doarp Suwâld, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn it swarte in peal fan goud; oan beide kanten trije swimmende sulveren einen, pealswize pleatst.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), goud en sulver.

Symbolyk Gouden peal: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit. Swarte fjilden: ferwize nei de feanterij eastlik en westlik fan it doarp. Einen: ferwize nei de einekoai westlik fan it doarp.

Sjoch ek

Suwâld Kategory:Suwâld