thumb| Flagge fan Readtsjerk De flagge fan Readtsjerk is de flagge fan it doarp Readtsjerk, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge waard yn 2002 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Skiednis De flagge is yn 1977 ûntstien, tagelyk mei de doarpsflaggen fan de Trynwâlden: Aldtsjerk, Gytsjerk en Oentsjerk. Letter waarden ek foar de oare doarpen yn Tytsjerksteradiel in flagge ûntwurpen. Yn 1984 waarden alle doarpsflaggen fan Tytsjerksteradiel registrearre. Omdat Readtsjerk yn Dantumadiel leit, bleau de flagge bûten de markearring en registraasje. Doe't de Fryske Rie foar Heraldyk fernaam dat beide yn likefolle brûkt wurde soene, waard besletten om de registraasje einlings trochgean te litten.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Yn read in wite broekingstrijehoeke mei in punt reitsjend oan de flechtside; de wite broekingstrijehoeke belein mei in breedearmich read krús mei in hichte fan 1/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Readtsjerk.
Symbolyk Wite punt: ferwiist nei it dak fan it Readtsjerkje. Read krús: ferwiist nei it Readtsjerkje, de tsjerke wêr't it doarp syn namme oan te tanken hat.
Sjoch ek
Readtsjerk Kategory:Readtsjerk