It loaihoars of de panter (wittenskiplike namme: Panthera pardus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). In wyfke is in loaihoarsinne of panterinne, en in jong is welp. Dizze soarte komt foar yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara en fan West-, Súd-, Súdeast- en East-Aazje. Histoarysk libbe dit bist ek yn dielen fan Noard-Afrika. Yn Jeropa stoar it út oan it begjin fan it Holoseen (11.700 jier lyn).

It loaihoars is in grutte, krêftige en tige gefaarlike karnivoar mei in treflike skutkleur. Dy bestiet út in spikkelbûnte pels belein mei swarte plakjes dy't groepearre binne yn rozetten op in bleek giele oant gouden grûnkleur. Dit bist hat him oanpast oan it bestean yn in ferskaat oan biotopen, fan it tropysk reinwâld oant de taiga en fan berchtmen oant de steppe. Loaihoarsen libje solitêr en binne benammentlik by nacht aktyf. De wichtichste bedrigings foar dizze soarte binne habitatferlies, habitatfragmintearring, streuperij en konflikten mei minsken. De IUCN klassifisearret it loaihoars as kwetsber, it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid.

Etymology It Fryske wurd "loaihoars" is in lienfertaling fan it Nederlânske luipaard. "Hoars" (mei in stomme r, rymt op "noas") is in âlde oantsjutting foar "hynder"; ferlykje it Ingelske horse. It Nederlânske luipaard is in ferbastering fan it Aldfrânske leupart of mooglik it Midfrânske liepart, beide ôfkomstich fan it Latynske leopardus. Dat giet sels wer werom op it Aldgrykske λέοπάρδος, leopardos. Dat wurd is in gearstalling fan λέων, leōn, dat "liuw" betsjut, en πάρδος, pardos, dat "spikkelbûnt" betsjut, mei-inoar dus "spikkelbûnte liuw". Oarspronklik wie leopardos yn it Aldgryksk net de beneaming foar it loaihoars, mar foar it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). De oare oantsjutting foar dit bist, "panter", komt fan it Latynske panther, dat ek wer tebekgiet op in Aldgryksk wurd, πάνθηρ, pánthēr, mei deselde betsjutting as yn it Frysk.

Taksonomy It loaihoars waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus foar syn Systema Naturæ. Hy parte it bist de wittenskiplike namme Felis pardus ta. Tsjintwurdich is Felis it skaai fan 'e wylde katten, mar oarspronklik waarden alle kateftigen dêryn gearbrocht. De Dútske biolooch Lorenz Oken wie yn 1816 de earste dy't it loaihoars (mei alle oare spikkelbûnte kateftigen) yn it skaai fan 'e panters (Panthera) pleatste. Dy yndieling krige doedestiden net folle neifolging, en sadwaande behold it loaihoars foar it meastepart oant yn 'e iere tweintichste iuw de wittenskiplike namme Felis pardus, of soms Leopardus pardus.

Yn 1902 waard it loaihoars as typesoarte foar it skaai fan 'e panters keazen troch de Amerikaanske biolooch Joel Asaph Allen. It wie de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock dy't yn 1917 it skaai fan 'e panters gearstalde sa't dat no noch fierhinne bestiet, mei as libbene soarten it loaihoars, de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris) en de jagûar (Panthera onca). Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is dêr op basis fan DNA-ûndersyk it snieloaihoars (Panthera uncia) noch oan tafoege. Op dy manear krige it loaihoars syn hjoeddeistige wittenskiplike namme, Panthera pardus, dat letterlik "spikkelbûnte panter" betsjut.

Evolúsje Undersyk nei it nukleêr DNA en it mitogondriaal DNA fan 'e soarten út it skaai fan 'e panters hat útwiisd dat it loaihoars him omtrint 4.350.000 jier lyn fan 'e oare soarten ôfspjalte. Binnen de it panterskaai is it loaihoars it naust besibbe mei in klade dy't sawol de liuw (Panthera leo) as de jagûar (Panthera onca) omfettet, en minder nau mei de tiger (Panthera tigris) en it snieloaihoars (Panthera uncia). Dêr moat by oantekene wurde dat in ûndersyk út 2016 oan it ljocht brocht dat it mitogondriaal genoom fan it loaihoars en de liuw mear op dat fan it snieloaihoars lykje as dat harren nukleêr genoom op dat fan it snieloaihoars liket. Dêrút waard ôflaat dat de foarâlden fan it loaihoars en de liuw (en nei't men oannimme mei ek de jagûar) op in stuit yn harren evolúsje harsels hybridearre hawwe mei de foarâlden fan it snieloaihoars.

Dêr wurdt fan útgien dat de loaihoars-liuwegroep fanôf it Ier Plioseen (likernôch 5 miljoen jier lyn) in grutte fersprieding hie yn Afrika en Aazje. De âldste fossilen dy't ûntsjinstriidber fan it loaihoars binne, komme út East-Afrika en datearje fan likernôch 2 miljoen jier lyn. Ut dy regio wei fersprate it loaihoars him úteinlings oer it hiele Afrikaanske kontinint, en tusken 1,2 miljoen en 600.000 jier lyn wreide er syn fersprieding fia it Midden-Easten út nei Aazje en Jeropa.

Fersprieding Afrika De fersprieding fan it loaihoars beslacht grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara, hoewol't de populaasjes dêr fragmintearre binne en oanhâldend fierder belúnje. Fral yn West-Afrika is it mei dit bist slim yn it neigean rekke troch in ynkrimping fan it areaal dy't 95% berint. Yn Mauretaanje en Togo is it loaihoars lanlik útstoarn en yn Gambia en Lesoto nei alle gedachten ek. Op it eilân Sansibar, dat foar de eastkust fan Tanzania yn 'e Yndyske Oseaan leit, is de pleatslike populaasje (it Sansibarloaihoars) wierskynlik ek útstoarn.

Yn 'e Sahara komt it loaihoars hast hielendal net mear foar, útsein in lytse isolearre populaasje yn it Ahaggarmassyf fan súdlik Algerije. Yn Noard-Afrika, d.w.s. benoarden de Sahara, komt it loaihoars noch foar yn Egypte, dêr't yn 2017 in eksimplaar dea oantroffen waard yn it súdeasten fan it lân. Dat wie de earste kear yn 65 jier dat yn Egypte in loaihoars waarnommen wie. Yn it Atlasberchtme fan 'e Magreblannen Marokko, Algerije en Tuneezje, dêr't it loaihoars histoarysk ek foarkaam, is de pleatslike populaasje, it Barbarijsk loaihoars, no hast hielendal ferdwûn. Inkeld yn 'e wâlden op 'e noarderskeanten fan 'e Hege Atlas yn Marokko komme noch inkele eksimplaren foar.

West-Aazje Yn it Midden-Easten rûn it ferspriedingsgebiet fan it loaihoars oarspronklik alhiel by de kusten fan it Arabysk Skiereilân lâns, mar tsjintwurdich binne der inkeld noch in pear lytse restpopulaasjes oer yn 'e Hidjas fan Saûdy-Araabje, yn it berchlân fan noardlik Jemen en yn Dofar yn súdwestlik Omaan. De pleatslike populaasje op it Sinaïskiereilân, it Sinaïloaihoars, wie sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren neat mear fan fernommen oant der yn 2014 in eksimplaar deade waard. Yn 'e Negevwoastyn fan súdlik Israel komt noch in lytse populaasje foar, mar it loaihoars is útstoarn yn 'e Levantlannen Palestina, Jordaanje, Syrje en Libanon en ek yn 'e Golfsteaten Koeweit, Katar, Bachrein en de Feriene Arabyske Emiraten.

Yn Lyts-Aazje is dit bist tige by tige seldsum en yn 'e Kaukasusregio, dêr't it ferspriedingsgebiet oarspronklik oant djip yn 'e Koeban fan súdlik Ruslân trochrûn, komt er no inkeld noch foar yn eastlik Georgje en noardwestlik Azerbeidzjan. Yn 2007 waard yn súdlik Ruslân úteinset mei in reyntroduksje fan it loaihoars yn it Natoerreservaat De Kaukasus yn it territoarium Krasnodar en it Nasjonaal Park Alaanje yn 'e dielrepublyk Noard-Osseesje. Yn noardlik Irak libbet noch in restpopulaasje. Eastliker komt it loahoars foar yn dielen fan sintraal Iraan, by de súdkust fan 'e Kaspyske See lâns en by de eastkust fan 'e Perzyske Golf lâns oant yn Balûtsjistan. Ek is er noch te finen yn ôfhandige, bercheftige dielen fan Afganistan en de bergen fan 'e Kopet Dag yn súdlik Turkmenistan. Yn súdlik Oezbekistan en Tadzjikistan is er útstoarn.

Súd-Aazje Op it Yndysk subkontinint komme loaihoarsen noch frij folle foar, hoewol't ek dêre de fersprieding fragmintearre is. Guon loaihoarsepopulaasjes yn Yndia libje tige deun by minsklike delsettings en sels yn gebieten dy't al yn kultuer brocht binne. Trochdat it loaihoars in temûk nachtdier is, binne minsken har faak net bewust fan 'e oanwêzigens fan sokke gefaarlike rôfdieren tichteby harren wenplak. De loaihoarsepopulaasje yn Yndia telde yn 2020 nei skatting 12.000–13.500 eksimplaren, dy't konsintrearre wiene yn 'e berchtmen fan 'e West-Ghats yn it súdwesten en de East-Ghats yn it súdeasten, op 'e Gangetyske Flakte yn it noarden en yn it streamgebiet fan 'e rivier de Brahmaputra yn it noardeasten.

Loaihoarsen libje ek yn Sry Lanka, dat in eilân foar de súdkust fan it Yndysk subkontint is. Dêre besteane konsintraasjes fan 'e bisten yn it Nasjonaal Park Yala en yn oerwâldgebieten sûnder beskerme status.

Súdeast-Aazje Yn Birma komme loaihoarsen bylâns de westgrins (mei Yndia) foar en yn ferskate oare dielen fan it lân. De oerwâlden fan 'e noardlike Tenasserim, yn it súdeasten, wurdt beskôge as in bolwurk fan dizze bisten. Yn Tailân, Laos, Kambodja en Fjetnam binne de gebieten dêr't it loaihoars noch foarkomt, krap oan it wurden. Yn Tailân giet it fral om 'e krite by de Birmeeske grins lâns en op 'e Lâningte fan Kra yn it noarden fan it skiereilân Malakka. Yn Laos libje se benammen yn it noarden fan it lân en yn Kambodja binne se konsintrearre yn it easten, by de Fjetnameeske grins lâns.

Yn Maleizje komme loaihoarsen op 'e útein fan it skiereilân Malakka noch foar yn it binnenlân, by de kusten wei. Dêr binne se konsintrearre yn trije nasjonale parken: Belum Telengor, Taman Negara en Endau-Rompin. Yn Singapoer is it loaihoars útstoarn. Yn Yndoneezje heart inkeld it grutte eilân Java ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist. Dêr komme se foar yn beskerme natoergebieten ferspraat oer it hiele eilân, mar se binne ek waarnommen bûten dy gebieten, yn regio's dy't bestiene út lân dat yn agrarysk gebrûk wie fermongen mei sekundêr wâld en produksjewâld.

East-Aazje Yn East-Aazje kamen loaihoarsen eartiids foar yn hiel súdlik en súdeastlik Sina, oan it súdeasten fan Tibet ta, en teffens yn eastlik en sintraal Sina en it noardeasten fan dat lân oant yn súdlik en eastlik Mantsjoerije. Yn it suden, it easten en de midden fan Sina binne de bisten no tige seldsum en is har ferspriedingsgebiet boppedat slim fragmintearre. Yn Mantsjoerije komme se inkeld noch foar yn in lytse krite by de Russyske grins lâns. Deselde populaasje, fan it Amoerloaihoars (Panthera pardus orientalis), libbet ek oarekant dy grins, yn it súdwesten fan it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje. Amoerloaihoarsen libben foarhinne ek yn 'e Sichote-Alin, fierder nei de kust fan 'e Japanske See ta, mar dêr komme se no frijwol net mear foar. Ek op it Koreaansk Skiereilân binne de bisten útstoarn, sawol yn Noard- as yn Súd-Koreä.

Prehistoaryske fersprieding yn Jeropa en East-Aazje De prehistoaryske fersprieding fan it loaihoars wie grutter as it gebiet dêr't it bist yn 'e dokumintearre skiednis foarkaam. Dat is bleken út 'e fynsten fan ferskate fossilen. Yn Jeropa libbe oant syn útstjerren oan it begjin fan it Holoseen, 11.000 jier lyn, it hoaleloaihoars of Jeropeesk loaihoars (Panthera pardus spelaea), in ûndersoarte fan it loaihoars. Dat bist kaam foar yn it suden fan Ingelân en yn kontinintaal Jeropa besuden in slingerjende tinkbyldige line dy't rûn fan 'e Flaamske kust fia Súd-Limburch en it Ruhrgebiet nei Berlyn en dan troch Poalsk Sileezje en nei it suden dwers troch Slowakije, Hongarije en Servje, om mei in bocht ôf te bûgen nei it easten en troch it noarden fan Bulgarije by de kust fan 'e Swarte See út te kommen.

Fossilen fan loaihoarsen binne ek oantroffen op 'e haadeilannen fan Japan en op Taiwan.

Uterlike skaaimerken