De Madearakwartel (wittenskiplike namme: Coturnix lignorum) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Fan dit bist binne subfossile resten weromfûn op Madeara.

Taksonomy De Madearakwartel waard foar it earst yn 2019 wittenskiplik beskreaun troch Rando, Alcover, Pieper, Olson, Hernández en López-Jurado. De wittenskiplike namme bestiet út 'e skaainamme Coturnix, it Latynske wurd foar de (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), en it soartspesifike diel lignorum. Dat lêste is de besitlike namfal fan lignum, it Latynske wurd foar "hout". It toponym Ilha Madeira betsjut nammentlik yn it Portegeesk "Houteilân".

Fersprieding De Madearakwartel liket yn syn fersprieding beheind west te hawwen ta it eilân Madeara yn Makaroneezje, it sintraal-eastlike diel fan 'e Atlantyske Oseaan, noardwestlik fan Afrika. Madeara is it haadeilân fan 'e ta Portegal hearrende Madeara-arsjipel.

Uterlike skaaimerken De earste fynsten fan subfossile bonken fan 'e Madearakwartel waarden yn 1994 dien troch de paleöntologen H. Pieper en O. Runze by Ponta de São Lourenço op Madeara. Op basis dêrfan en fan lettere fynsten is fêststeld dat dizze fûgel in slach grutter west hawwe moat as besibben soarten, lykas de libbene (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), dy't ek op Madeara foarkomt, de subfossile Kanaryske kwartel (Coturnix gomerae) fan La Gomera yn 'e Kanaryske Eilannen en de fossile Porto-Santokwartel (Coturnix alabrevis) fan it deunby Madeara lizzende eilân Porto Santo. Teffens moat de Madearakwartel oare lichemsferhâldings hân hawwe, mei langere en mear robúste skonken en koartere wjukken. It is dêrmei mooglik dat de Madearakwartel in flechtleaze fûgel wie.

Utstjerren De subfossilen dy't fan 'e Madearakwartel weromfûn binne, datearje fan 1021–806 f.Kr.. It is ûndúdlik wannear't en wêrom't dizze fûgel krekt útstoarn is. Foar de nau besibbe Kanaryske kwartel (Coturnix gomerae) wurdt fermoede dat de fêstiging fan 'e minske op 'e Kanaryske Eilannen, earne yn it earste milennium f.Kr., de reden foar it útstjerren wie. Mar Madeara waard pas yn 1418 ûntdutsen en hie foartiid gjin minsklike bewenning, dat yn it gefal fan 'e Madearakwartel giet dy riddenearring net op.

Sjoch ek Kaapverdyske kwartel Kanaryske kwartel Porto-Santokwartel

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kwartel Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn Madeara Kategory:Bist útstoarn yn it Holoseen