De Kaapverdyske kwartel (wittenskiplike namme: Coturnix centensis) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Fan dit bist binne subfossile resten weromfûn yn Kaapverdje.

Taksonomy De Kaapverdyske kwartel waard foar it earst yn 2019 wittenskiplik beskreaun troch Rando, Alcover, Pieper, Olson, Hernández en López-Jurado. De wittenskiplike namme bestiet út 'e skaainamme Coturnix, it Latynske wurd foar de (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), en it soartspesifike diel centensis. Dat lêste is in ferwizing nei it eilân São Vicente, dat yn it Kaapverdysk-Kreoalsk Son Cent neamd wurdt, dus Cent oanfolle mei it Latynske besitlike suffiks -ensis.

Fersprieding De Kaapverdyske kwartel liket yn syn fersprieding beheind west te hawwen ta it eilân São Vicente yn 'e Kaapverdyske eilannen. Dat is in arsjipel dy't diel útmakket fan Makaroneezje, yn it sintraal-eastlike diel fan 'e Atlantyske Oseaan. São Vicente is it op ien nei noardwestlikste eilân fan 'e Kaapverdyske eilannen. (Allinne Santo Antão leit noch fierder dy kant út.)

Uterlike skaaimerken De earste fynsten fan subfossile bonken fan 'e Kaapverdyske kwartel waarden yn 1997 dien troch de paleöntolooch L.F. López-Jurado by Monte Verde op São Vicente. Op basis dêrfan en fan lettere fynsten is fêststeld dat dizze fûgel fan ferlykbere grutte wie as de libbene (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), dy't ek op 'e Kaapverdyske Eilannen foarkomt. Datselde jildt foar de fossile Porto-Santokwartel fan Porto Santo, by Madeara, en de Kanaryske kwartel (Coturnix gomerae) fan La Gomera yn 'e Kanaryske Eilannen. De subfossile Madearakwartel (Coturnix lignorum) fan it eilân Madeara wie in slach grutter as de oare leden fan it skaai fan 'e kwartels (Coturnix). De Kaapverdyske kwartel hie koarte wjukbonken dy't derop wize kinne soene dat it in flechtleaze fûgel wie.

Utstjerren De subfossile resten dy't fan 'e Kaapverdyske kwartel weromfûn binne, datearje fan 1015–1155 (n.Kr.). Hoewol't de reden fan it útstjerren fan dizze fûgel noch net fêststeld is, fermoedzje saakkundigen dat de ûntdekking fan 'e doe noch ûnbewenne Kaapverdyske Eilannen yn 1466 en de dêropfolgjende kolonisaasje fan 'e arsjipel troch Portegal der wat mei te krijen hawwe. It soe bygelyks skoan kinne dat de direkte oarsaak bestiet út eksoaten dy't troch de minske op São Vicente yntrodusearre binne, bygelyks de brune rôt (Rattus norvegicus), de swarte rôt (Rattus rattus) of de kat (Felis catus).

Sjoch ek Kanaryske kwartel Madearakwartel Porto-Santokwartel

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kwartel Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn de 15e iuw Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje