thumb| Flagge fan Aldegea De flagge fan Aldegea is de flagge fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. De flagge waard yn 1992 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Yn blau in alle siden fan de flagge reitsjende giele rút, belein mei in reade boarch mei skylddak en twa finsters en in poarte, ferljochte en iepene fan it fjild. De boarch mei in ôfmjitting (HxB) fan 7/10 flaggehichte x 7/15 flaggehichte. De rút beselskippe oan de broekside boppe en ûnder fan in giele turf, mei in ôfmjitting fan 2/15 flaggehichte x 1/6 flaggelingte en pleatst op 1/12 flaggehichte fan resp. de boppekant, de broekside en de ûnderkant fan de flagge.

De kleuren komme út it wapen fan Aldegea.

Symbolyk Blau fjild mei giele rút: oernommen út it wapen fan it eardere wetterskip De Grutte Noardwâlder Polder. Aldegea leit yné midden fan dit eardere wetterskip. De kleur blau ferwiist nei it grutte tal wetters yn de omkriten fan it doarp. It goud ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit. Reade burcht: ferwiist nei de stins fan Ygo Gaeles Galama yn Aldegea. Trije turven: ferwize nei de lizzing fan it doarp yn in earder feangebiet.

Sjoch ek

Aldegea (De Fryske Marren) Kategory:Aldegea (De Fryske Marren)