thumb| Wapen fan Mantgum It wapen fan Mantgum is it wapen fan it doarp Mantgum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in op trochsnijingsline swimmende swan mei opslaande wjukken fan sulver, yn it skyldhaad beselskippe fan in gouden seispuntige stjer; in weagjende blauwe skyldfoet, belein mei in sulveren leelje.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud en azuer (blau).

Symbolyk Seispuntige stjer: saneamde "haadstjer", Mantgum wie it haadplak fan Baarderadiel. Kleurstelling: ek in ferwizing nei Mantgum as haadplak. Swan: ferwiist nei it Swannerjocht dat ferbûn wie oan de state Hokswier. Weagjende skyldfoet: ferwiist nei de Middelsee dêr't it doarp by leit. Leelje: oernommen út it wapen fan Hokswier.

Sjoch ek

Mantgum Kategory:Mantgum