De Bibliothèque nationale de France (Frânsk: Nasjonale bibleteek fan Frankryk of BnF) is de nasjonale bibleteek fan Frankryk, fêstige yn Parys, oprjochte yn 1368.

Opdrachten De bibleteek is in publike ynstelling ûnder tafersjoch fan it Ministearje fan Kultuer. De haadtaak is om de samling út te wreidzjen, benammen mei alle publikaasjes dy't yn Frankryk ferskine, en om dy samling te behearen en tagonklik te meitsjen foar it publyk. Fierder hat de bibleteek de taak om wittenskiplike katalogussen út te jaan, gear te wurkjen mei nasjonale en ynternasjonale ynstellings en diel te nimmen oan ûndersyksprogramma's.

Kategory:Nasjonale bibleteek Kategory:Bibleteek yn Frankryk Kategory:Oerheid fan Frankryk Kategory:Bouwurk yn Parys Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1368