thumb| Wapen fan Jirnsum It wapen fan Jirnsum is it wapen fan it doarp Jirnsum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in sulveren dwersbalke mei slaggen deryn, belein mei in blau klaver- of Mauritiuskrús. As basis hat it wapen fan Raerderhim tsjinne, mei op de dwersbalke it teken fan de hillige oan hwa't de Jirnsumer tsjerke tawijd wie.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk Read fjild en sulveren balke: oernommen út it wapen fan Raerderhim, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Mauritiuskrús: symboal foar Mauritius, patroanhillige fan Mauritiustsjerke fan Jirnsum.
Sjoch ek
Jirnsum Kategory:Jirnsum