thumb| Wapen fan Wjelsryp It wapen fan Wjelsryp is it wapen fan it doarp Wjelsryp, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2000 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in oprizende blauwe fairklok, reitsjende oan de boppeside fan it skyld en yn it skyldhaad oan beide siden beselskippe fan in read klaverblêd; de klok belein mei in ring fan sulver, dêrbinnen in seispuntige gouden stjer, dy't mei har punten de ring oan de binnenside rekket, de stjer en ring yn de skyldfoet beselskippe fan in gouden leelje.
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), kiel (read) en goud.
Symbolyk Yndieling skyld: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de noardlike punt fan de eardere gritenij en gemeente Hinnaarderadiel, dêr't it eartiidsk part fan wie. Ek ferbyldet it de Ursulatsjerke fan Wjelsryp. Ring mei seispuntige stjer: ferwiist nei it doarp sels. Dêrby wiist it nei de stiftingskiednis fan de Ursulatsjerke fan Wjelsryp. Sulveren fjilden: ferwize nei de buorskippe dy't yn de himrik fan Wjelsryp lizze: De Westerein en De Oasterein. Klaverblêden: ferwize nei it agraryske karakter fan it doarp. Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Van Galama. Kleurstelling: oernommen út de wapens fan Westergoa en Hinnaarderadiel.
Sjoch ek
Wjelsryp Kategory:Wjelsryp