thumb| Flagge fan Wier De flagge fan Wier is de flagge fan it doarp Wier, yn de gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2007 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif hichtebanen fan grien, giel, blau, giel en grien, yn de ferhâlding fan 1:1:6:1:1, mei oan de broekside in giele ôfskuorde liuwekop.

De kleuren komme út it wapen fan Wier.

Symbolyk Griene baan: ôflaat fan de griene terp út it wapen fan Wier, "wier" betsjut ek terp. Giele banen: ôflaat fan de nôtieren út it wapen fan de famylje Lauta. Ek stiene de nôtieren foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp. Liuwekop: oernommen út it wapen fan de famylje Lauta, dy't in stins yn it doarp bewenne. Blauwe baan: ek oernommen út it wapen fan de famylje Lauta.

Sjoch ek

Wier Kategory:Wier