Heinrich (Heinz) Pollay (Köslin, 4 febrwaris 1908 - München, 14 maart 1979) wie in Dútsk hynstesporter. Yn 1972 it earste sjuerylid dat de olympyske eed ôflei.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936 en 1952). Hy waard yn 1936 twafâldich Olympysk kampioen en wûn yn 1952 in brûnzen medalje.

Pollay lei by de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München út namme fan alle sjueryleden de olympyske eed ôf, dêrmei wie Pollay it earste sjuerylid dat de olympyske eed ôflei by de Olympyske Simmerspulllen. Heinz Pollay ferstoar hommels op 14 maart 1979, yn 'e âldens fan 71 jier.

Kategory:Dútsk hynstesporter Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1979