De swarte see-ein (Melanitta nigra) is in grutte see-ein fan 43 oant 54 sm lang. De fûgel briedt yn it fiere noarden fan Europa en it Palearktyske easten oant de rivier de Olenjok. De Amerikaanske see-ein (Melanitta nigra) út Noard-Amearika en East-Sibearje waard eartiids as in ûndersoarte beskôge.
Beskriuwing thumb|left|Jerkje. De jerken binne hielendal swart en de wyfkes binne donkerbrún mei in donkerder krún en ljocht kleure wangen. Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar ha doffere kleuren. Swarte see-einen ha in puntige sturt.
De soarte liket op 'e nau besibbe grutte see-ein, mar dy is grutter en swierder. Dêrnjonken ha wyfkes fan 'e grutte see-ein wite plakken op 'e wangen, dy't ûntbrekke by de wyfkes fan 'e swarte see-ein.
Fersprieding Swarte see-einen briede yn Noard-Europa, Noard-Aazje en Grienlân op 'e tûndra by marren, rivieren en yn sompen, fral yn Ruslân en Skandinaavje. Utsein yn in diel fan Skotlân en Ierlân is de swarte see-ein in trekfûgel. Bûten de briedtiid libje se oan 'e kust op see. De soarte is in wintergast yn West-Europa oant de kusten fan Afrika ta. Winterdeis komt de fûgel oan 'e Nederlânske kust, fral noardlik fan 'e Waadeilannen, yn grutte oantallen foar.
Iten en brieden Swarte see-einen ite weak- en skelpdieren. De fûgels briede fan maaie oan juny yn koloanjes en lizze fiif oant sân aaien.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2006 op goed ien miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.
Kategory:See-ein Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See