Curt Ewald Rudolf Lippert (Leipzig, 29 oktober 1900 - Bielefeld, 1 april 1945) wie in Dútsk hynstesporter.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1936). Hy waard yn Berlyn 1936 Olympysk kampioen by de lannewedstriid mei Ludwig Stubbendorff en Konrad von Wangenheim.

Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne er as kolonel en kommandant fan it 51ste Pantserrezjimint yn oktober 1941. As generaal-majoar en kommandant fan de 5e Pantserdivyzje fochten syn troepen yn East-Prusen (Gumbinnengebiet) en by de Slach om Koerlân. Rudolf Lippert sneuvele op 1 april 1945, yn 'e âldens fan 44 jier, by Bielefeld.

Kategory:Dútsk hynstesporter Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1945