De Sibearyske see-ein (Melanitta stejnegeri) is in einfûgel út it skaai see-einen (Melanitta).
Beskriuwing De ein wurdt 50 oant 58 sm lang en 1200 oant 1700 gram swier. De spanwiidte fan 'e soarte leit tusken 86 en 99 sm. De snaffel is readoranje mei wat giel. Jerken binne swart en ha in lytse wyt plakje by it each, in donkere knobbel op 'e snaffel. Wyfkes binne brún en ha twa rûne wite plakken op it gesicht.
De fûgel liket op 'e wytwjuksee-ein. It ûnderskied wat jerken oanbelanget is de hegere knobbel boppe de snaffel en de oare kleuren fan 'e snaffel. Jerken fan 'e wytwjukein ha boppedat brunere flanken. It ûnderskied tusken de wyfkes fan 'e twa soarten binne dreger te identifisearjen, mar de knobbel fan it wyfke fan 'e Sibearyske see-ein is grutter.
Fersprieding De Sibearyske see-ein briedt op de Russyske tûndra yn markes en sompen en oan rivieren en oerwinteret oan 'e kust. Hiel út en troch binne der winterdeis mear yn it binnenlân waarnimmingen.
Iten De fûgel yt skaaldieren, weakdieren en ynsekten.
Status De populaasje wurdt op 400.000 oant 700.000 folwoeksen fûgels rûsd (2006). De oantallen rinne lykwols tebek. De fûgels wurde op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Kategory:See-ein Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee