thumb|upright|Omslach fan de earste edysje fan Sous le soleil de Satan, troch Georges Bernanos, útjûn troch Plon, Parys, 1926. Sous le soleil de Satan (Frânsk, "Under de sinne fan Satan") is in roman fan de Frânske skriuwer Georges Bernanos út 1926, útjûn troch Plon yn Parys. Bernanos begon mei it skriuwen fan it ferhaal nei de wapenstilstân fan 1918, mar it wie 1926 oant it ree wie. In Fryske ferzje is der oant no ta net fan ferskynd.

Ferhaal Neffens Michel Estève hellet de roman ynspiraasje út trije primêre boarnen: it libben fan dûmny Jean-Marie Vianney, dat it karakter fan Donissan foarme; de skriuwers Léon Bloy en Jules Barbey d'Aurevilly, fan wa't Bernanos respektivelik it idee fan in wrâld sûnder God en it idee fan in uny fan realiteit en it boppenatuerlike oernimt, en it sosjale klimaat fan Frankryk nei de Earste Wrâldoarloch, dat Bernanos lûdop feroardiele.Bernanos, Œuvres romanesques, Bibliothèque de la Pléiade, Gallimard 1961 (s.1758).

Wurdearring Sous le soleil de Satan waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw. Yn 1987 waard it boek ferfilme troch Maurice Pialat.

Kategory:Literêr wurk fan Georges Bernanos Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Roman út 1926 Kategory:Literatuer oer Satan Kategory:Literatuer oer in kristlik geastlike