Hermann Leopold August von Oppeln-Bronikowski (Berlyn, 2 jannewaris 1899 - Gaißach, 19 septimber 1966) wie in Dútsk Generaal-majoar en hynstesporter.

Priveelibben Hy stamde ôf fan de âlde aadlike famylje Oppeln-Bronikowski út Lausitz mei it hûs mei deselde namme yn de buert fan Löbau yn Oberlausitz, dat foar it earst neamd waard yn in dokumint út 1261. Hermann wie de soan fan de Prusyske ynfantery generaal Hermann von Oppeln-Bronikowski (1857-1925). Oppeln-Bronikowski boaske mei Edelgard von Kleist, de dochter fan de Dútske luitenant-generaal Adolf Friedrich Theodor von Kleist en Gertrud von Sydow, op 17 juny 1931 yn Züllichau. Hermann von Oppeln-Bronikowski ferstoar op 19 septimber 1966, yn 'e âldens fan 67 jier.

Olympyske Spullen Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, yn de lannenwedstriid dressuer, mei Heinz Pollay en Friedrich Gerhard. Letter wurke er as trainer foar it Kanadeeske dressuerteam foar de Olympyske Simmerspullen fan 1964 yn Tokio.

Militêre karriêre Oppeln-Bronikowski tsjinne as frontlinyoffisier yn Frankryk nei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich yn 1917 en waard ûnderskieden mei beide klassen fan it Izeren Krús en de Hessischen Tapferkeitsmedaille. Nei de kriich wie er yn 1920 kavaleryoffisier by de Reichswehr.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wie Oppeln-Bronikowski kommandant fan de ferkenningsseksje fan de 24ste Ynfanterydifyzje by de ynvaazje fan Poalen yn 1939 en tsjinne as pantserkommandant oan it eastfront. Nei't er yn 1943 ferwûne rekke wie en dêropfolgjende sikehûsopname wie Oppeln-Bronikowski kommandant fan it Panzer Regiment 100 fan it 21ste Panzerdifyzje yn Normandje yn 1944 en kommandant fan it 20ste Panzerdifyzje yn de gefjochten yn Sileezje yn 1945. Op 30 jannewaris dat jier waard er befoardere ta generaal-majoar. Yn april 1945 sette hy en syn ienheden in suksesfol help offinsyf op by de Slach by Bautzen om de foar in part besette stêd Bautzen folslein op'e nij te feroverjen.

Nei de kapitulaasje fan Dútslân op 8 maaie 1945 waard er earst as Amerikaansk kriichsfinzene en dêrnei as Britsk kriichsfinzene opnommen, dêr't er in part fan trochbrocht yn it ynterneringskamp Staumühle, dêr't er op 4 july 1947 út frijlitten waard.

Oppeln-Bronikowski wie as sivyl adviseur belutsen by de ûntwikkeling fan de Bundeswehr.

Kategory:Dútsk hynstesporter Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk kriichsfinzene Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1966