thumb| Flagge fan Aldskoat De flagge fan Aldskoat is de flagge fan it doarp Aldskoat, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. De flagge waard yn 2017 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa like hege banen fan blau en giel, mei in giele seispuntige stjer yn de broektop en in skean pleatste grien ikeblêd; oan de flechtside in skâns, fan giel op it blau en fan read op it giel, útgeande fan de flechthoeken.

De kleuren komme út it wapen fan Aldskoat.

Symbolyk Blauwe baan: oernommen út it wapen fan Skoatterlân, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. It doarp wie oant 1828 it haadplak fan Skoatterlân. Giel fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit. Twadieling wapen: ferwiist nei de twadieling fan it doarp troch de A32. Iketûke: ferwiist nei de bosken yn de omkriten fan it doarp. Skâns: ferwiist nei de skâns dy't oanlein waard as ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny. Dizze skâns is diels read kleure om oan te haan dat it gefaar foar Fryslân fanút it súdeasten kaam.

Sjoch ek

Aldskoat kategory:Aldskoat