thumb| Wapen fan Itens It wapen fan Itens is it wapen fan it doarp Itens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Loftsskeane: I. yn read in út de dielline útkommend springend hynder fan sulver; II. yn blau in sulveren lofterskeanbalke.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
Yndieling skyld: ferwiist nei de patroanhillige fan de Martinytsjerke fan Itens, Martinus fan Toers. Hy snijde syn mantel troch de helte en joech de iene helte oan in bidler. Hynder: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp. Dêrneist is it hynder ek oernommen út it wapen fan de famylje Stapert dy't in buorkerij yn it doarp bewenne. Blau fjild: oernommen út it wapen fan de eardere gemeenten Hinnaarderadiel en Littenseradiel dêr't Itens part fan wie. Skeanbalke: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de Slachte.
Sjoch ek
Itens Kategory:Itens