De ralkraan (Aramus guarauna) is in op in ibis lykjende fûgel, dy't nau besibbe is oan kraanfûgels. De typyske snaffel is lang en nei ûnder bôge mei in skerpe, ljocht draaide punt. De snaffel is oanpast om slakken út harren hûskes te lûken. De fûgel is sa bysûnder, dat er as iennige soarte yn 'e famylje ralkraanfûgels (Aramidae) en it skaai ralkranen (Aramus) set is.
Beskriuwing thumb|left|De fûgel mei in slak. De ralkraan is in 56 oant 71 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 101 oant 107 sm. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar der is gjin ferskil yn fearrekleed. De fûgels ha in lange nekke en in lange, ljochtbôge twakleurige snaffel. It fearrekleed is meast readbrún mei op 'e kop en de mantel in soad wite streekjes. Noardlike fûgels binne oer it generaal wat lytser en ha ek wite plakken op 'e wjukken. De lange poaten binne swart.
Fersprieding De soarte libbet yn wetterrike gebieten lykas sompen mei heech reid en magroves yn waarme dielen fan Amearika, fan Florida oant Noard-Argentynje, mar is ek oant yn it noarden fan Wisconsin en Súd-Ontario waarnommen.
Iten De fûgels ite wringeleazen, fral slakken fan it skaai appelslakken (Pomacea).
Undersoarten Tusken 1856 en 1934 waard de fûgel ferdield yn twa soarten, ien yn Súd-Amearika (Aramus guarauna) en de oare yn Midden-Amearika, de Kariben en Florida (Aramus pictus). Tsjintwurdich wurdt de fûgel behannele as ien soarte mei fjouwer ûndersoarten. It ferskil tusken de ûndersoarten hat te krijen mei lytse ferskillen yn it formaat en it fearrekleed. Aramus guarauna guarauna – Súd-Amearika útsein de drûge westlike kust, de Andes en it suden fan it kontinint. Aramus guarauna pictus – Florida, Kuba, de Bahama's en Jamaika. Aramus guarauna elucus – Hispaniola en Porto Riko. Aramus guarauna dolosus – Súdwest-Meksiko oant West-Panama.
Status thumb|left|Piken. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in stabile, grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte net oan in foarm fan bedriging bleatsteld wurdt. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch ien miljoen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kraanfûgeleftige Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname