thumb| Wapen fan Eagum It wapen fan Eagum is it wapen fan it doarp Eagum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in read pompeblêd mei in grien skyldhaad, dêryn trije gouden hoannepoaten mei fearren.
De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), sinopel (grien) en goud.
Symbolyk Pompeblêd en hoannepoaten: ferwizen nei de ynterpretaasje fan Eagum as sintrum fan de provinsje Fryslân. Dit middenpunt soe trije hoannestappen fan de Nikolaastoer fan Eagum lizze.
Sjoch ek
Eagum Kategory:Eagum