Frederick Vaughn (Fred) Newhouse (Honey Grove, 8 novimber 1948 - 20 jannewaris 2025) wie in Amerikaansk atleet.

Hy die yn 1976 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Montreal Olympysk kampioen, op de 4×400 meter estafette mei Herman Frazier, Benjamin Brown en Maxie Parks, ek wûn hy yndividuele sulveren medalje op de 400 meter.

Newhouse behelle in diploma elektrotechnyk en in master yn ynternasjonale hannel, oan universiteiten yn Seatle en Washington, nei syn ôfstudearjen wurke er as yngenieur. Yn 2000 begelate Newhouse de manlju fan de atletykploech fan de Feriene Steaten foar de Olympyske Spullen yn Sydney, Austraalje.

Fred Newhouse ferstoar op 20 jannewaris 2025, yn 'e âldens fan 76 jier.

Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1948 Kategory:Persoan stoarn yn 2005