thumb| Flagge fan Rien De flagge fan Rien is de flagge fan it doarp Rien, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif lingtebanen grien, wyt, grien, wyt en grien; in giele broekingstrijehoeke mei de punt op 11/15 flaggelingte en nei de broekside ferlinge mei 1/3 flaggelingte, it giel belein mei in griene broekingstrijehoeke mei de punt op 6/15 flaggelingte, dizze trijehoeke belein mei in giele nôtskeaf fan 1/2 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Rien.

Symbolyk

Grien fjild: ferwiist nei de lizzing fan it doarp op it oarspronklik bedike eilân fan Easterein. Keper: ferwiist nei de Rienstersyl, in eardere slûs by it doarp. Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan de famylje Rheen, dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat. Wite banen: ferwize nei de sulveren stikken út it wapen fan Rien.

Sjoch ek

Rien Kategory:Rien