thumb| Wapen fan Waaksens It wapen fan Waaksens is it wapen fan it doarp Waaksens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau twa gouden punten, útgeande fan de ûnderrâne fan it skyldhaad, de ûnderskyldrâne reitsjende; yn de skyldfoet beselskippe fan in gouden klaver; in grien skyldhaad, belein mei twa sulveren swimraende einen.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sinopel (grien) en sulver.
Symbolyk Blau fjild: oernommen út it wapen fan Littenseradiel, de gemeente dêr't Waaksens eartiidsk part fan wei. Gouden punten: ferwize nei de doarpskom en de buorskip Toarnwert. Dizze punten foarmje tegearre foar de letter W fan Waaksens. Klaverblêd: ferwiist nei de feehâlderij en de greiden yn de omkriten fan it doarp. Einen: ferwize nei de einekoai noardlik fan it doarp. Skyldhaad: de kleur grien ferwiist ek nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
Sjoch ek
Waaksens (Súdwest-Fryslân) Kategory:Waaksens (Súdwest-Fryslân)