thumb| Flagge fan Smelle Ie en De Wylgen De flagge fan Smelle Ie en De Wylgen is de flagge fan de doarpen Smelle Ie en De Wylgen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 2007 registrearre.
Skiednis It ûntwerp fan de flagge is fan Loes Degener, en is ûnder oare basearre is op in kleaster. De Fryske Rie foar Heraldyk spruts syn wurdearring út foar it ûntwerp, dat sûnder mear oannommen wurde koe. De flagge waard presintearre yn de Drachtster Courant fan 30 july 2004.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Twa like hege banen fan blau en grien, mei oer alles hinne in giel krús mei in earmdikte gelyk oan 1/3 flaggehichte, de earm nei de flechtside ta healweis ynsnoerd troch twa mekoar leadrjocht krúsjende dielline, de ien lofts skeand, de oare rjochts skeand.
De kleuren komme út it wapen fan Smelle Ie en De Wylgen.
Symbolyk
Blauwe baan: symbolisearret nei de romte, it wetter en de loft. Griene baan: ferwiist nei de natuer yn de omkriten fan it doarp. Krús: ferwiist nei sawol it kleaster dat eartiidsk by Smelle Ie stie en nei in skâns.
Sjoch ek
Smelle Ie en De Wylgen Kategory:Smelle Ie Kategory:De Wylgen