thumb| Wapen fan Hitsum It wapen fan Hitsum is it wapen fan it doarp Hitsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2016 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Trepfoarmich trochsnien: A. dield: 1. yn blau in omwende ôfskuorde ielreagerkop fan sulver mei swarte eachstreek; 2. yn read in ôfskuorde ielreagerkop fan sulver mei swarte eachstreek; B. yn goud in griene silearre útskuorde prommebeam, mei tsien pearse fruchten.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, sabel (swart), kiel (read), goud, sinopel (grien) en poarper (pears).
Symbolyk
Trepfoarmige yndieling: ferwiist nei de Roordastate yn it doarp. Kleurstelling: oernommen út de kleuren fan de pleatslike keatsferiening. It goud ferwiist ek nei de Roordastate. Ielreagerkoppen: ferwize nei de grutte ielreagerkoloanje dy't oanwêzich is yn de omkriten fan it doarp. Prommebeam: oernommen út it logo fan it doarpsbelang en symboal foar de hôven yn de omkriten fan it doarp.
Sjoch ek
Hitsum Kategory:Hitsum