thumb| Flagge fan Sint-Jabik De flagge fan Sint-Jabik is de flagge fan it doarp Sint-Jabik, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2001 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif lingtebanen read, giel, read, giel en read, yn de ferhâlding 1:1:2:1:1; in blauwe broekingstrijehoeke mei de punt op it flaggemidden; de broekingstrijehoeke belein mei trije wite Sint-Jabiksskulpen, twa by de broekside lâns boppe mekoar en ien oan de flechtside dêrneist, de earste skulp mei de earen nei ûnderen, de twadde mei de earen nei boppen en de skulp oan de flechtside mei de earen nei de broekside.

De kleuren komme út it wapen fan Sint-Jabik.

Symbolyk Twa giele banen: symboal foar de hilligen Jehannes en Jakobus dy't yn it wapen fan Sint-Jabik foarkomme. Broekingstrijehoeke: oernommen út de flagge fan It Bilt, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Skulpen: de Sint-Jakobsskulp fan Jakobus, dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat.

Sjoch ek

Sint-Jabik Kategory:Sint-Jabik