thumb| Flagge fan Jirnsum De flagge fan Jirnsum is de flagge fan Jirnsum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1986 registrearre.
By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Twa lingtebanen fan wyt en read, ferhâlding lingten 2:1; yn de wite baan in blau klaverkrús.
De kleuren komme út it wapen fan Jirnsum.
Symbolyk Wite en reade banen: oernommen út it wapen fan Raerderhim. Blau klaverkrús: symboal fan de hillige Mauritius, patroanhillige fan de pleatslike Mauritiustsjerke.
Sjoch ek
Jirnsum Kategory:Jirnsum